thumb|Gadso Coopmans (Edmé Quenedey) Gadso Coopmans (Frjentsjer, 1746 - Amsterdam, 5 augustus 1810) wie in medikus en dichter.
Gadso Coopmans waard berne yn it Coopmanshûs yn Frjentsjer as soan fan dokter Georgius Coopmans. Lykas syn heit waard er dokter yn Frjentsjer (1770) en heechlearaar skiekunde en medisinen fan 1773 oant 1787 oan de universiteit dêre. Fanwegen syn patriottyske sympatyen rekke er sy baan lykwols kwyt en moast er nei Aken flechtsje. Nei 1787 swalke er troch Jeropa, wie heechlearaar yn Kopenhagen (1791), yn Kiel (1793-96), wie liifarts fan in tal foarsten en waard úteinlik dokter yn Amsterdam.
Coopmans dichte yn it Latyn. In gedicht fan him oer de pokken waard troch Goethe oerset, in heldedicht oer Peter de Grutte (Petreis) bleau ûnfoltôge. Klaas Bruinsma hat de Latynske gedichten fan Coopmans oerset yn it Frysk Fersen fan en foar Gadso Coopmans: professor yn de medisinen oan de akademy fan Frjentsjer. Utjouwerij Elikser, 2013 Keppeling om utens odur.let.rug.nl: mear oer Coopmans
Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk skiekundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk balling Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk balling Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Neolatynsk skriuwer Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Patriot Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1746 Kategory:Persoan stoarn yn 1810