Benedicta Boccoli (Milaan, 11 novimber 1966) is in Italjaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise. Il meglio di Benedicta BoccoliBenedicta Boccoli

Libben en karriêre Boccoli waard yn 1966 berne yn it Noarditaljaanske Milaan, mar ferfear al jong mei har âlden en har jongere suske nei Rome ta, dêr't se opgroeide. Mei achttjin jier makke se har akteardebút op 'e Italjaanske tillefyzje, mar in pear jier letter ûntdiek se dat se har fral op it toaniel as in fisk yn it wetter fielt.

Fanwegen har treflike aktearprestaasjes krige hja fan regisseur Giorgio Albertazzi de bynamme Artistissima ("Artyste ûnder de Artysten"). Boccoli hat foar har wurk ek tige loovjende kritiken krigen yn foaroansteande Italjaanske kranten, lykas de Corriere della Sera, La Repubblica en La Gazzetta del Mezzogiorno. Eltse moandei skriuwt hja, yn gearwurking mei Massimiliano Giovanetti, in stikje fiksje foar de krante Il Fatto Quotidiano, ûnder it kopke Cosa Resterà; dat is it deiboek fan in tiner út 'e jierren tachtich. Boccoli har suster Brigitta Boccoli is ek aktrise.

Op 28 augustus 2025 troude se mei akteur Maurizio Micheli, har partner sûnt 1998.Benedicta Boccoli e Maurizio Micheli si sono sposati dopo 28 anni di fidanzamento; Benedicta Boccoli e Maurizio Micheli si sono sposati in gran segreto dopo 30 anni

Hichtepunten út Boccoli's karriêre films 2003 – Gli Angeli di Borsellino (reg. Rocco Cesareo) 2007 – Valzer (reg. Salvatore Maira) 2008 – Pietralata (reg. Gianni Leacche) 2016 - Ciao Brother (reg. Nicola Barnaba)

koarte film

2020 - La confessione, (De belidenis, reg. Benedicta Boccoli)NOSTRA INTERVISTA – Benedicta Boccoli; La confessione

teäter 1992-1993 – Blithe Spirit (fan Noël Coward, mei Ugo Pagliai en Paola Gassman) 1994-1995 – Cantando Cantando (fan Maurizio Micheli, mei Maurizio Micheli, Aldo Ralli, Gianluca Guidi) 1995-1997 – Buonanotte Bettina (fan Pietro Garinei en Sandro Giovannini) 1998-1999 – Can Can (musical fan Abe Burrows) 1999 – Orfeo all'Inferno (opera fan Jacques Offenbach; as Terpsichoré)

2000-2002 – Polvere di Stelle 2002-2004 – Le Pillole d'Ercole 2004 – Anfitrione (fan Plautus) 2004 – Stalker (fan Rebecca Gillmann) 2004 – Plutus (fan Aristofanes) 2004-2006 – Fiore di Cactus 2006 – Prova a Farmi Ridere (fan Alan Ayckbourn) 2006 – The Tempest (fan William Shakespeare; as Ariël) 2007-2008 – Sunshine (fan William Mastrosimone) 2009–2010 – L'Appartamento (fan Billy Wilder) 2012-2013 – Vite private (fan Noel Coward, mei Corrado Tedeschi) 2014 – Dis-order (fan Neil LaBute, reg. Marcello Cotugno, mei Claudio Botosso) 2014 – Incubi d'Amore (fan Augusto Fornari, Toni Fornari, Andrea Maia, Vincenzo Sinopoli, reg. Augusto Fornari, mei Sebastiano Somma, Morgana Forcella) 2015 – Crimes of the Heart (fan Beth Henley, reg. Marco Mattolini) 2016 - Cactus Flower fan Pierre Barillet, Jean-Pierre Grédy, reg. Piergiorgio Piccoli, Aristide Genovese 2017-2018 - Il più brutto week-end della nostra vita fan Norm Foster, dir. Maurizio Micheli 2019-2020 - De test fan Jordi Vallejo, dir. Roberto CiufoliIl Test di Jordi Vallejo; Debutta domani nell’Isola di “Il Test” di Jordi Vallejo, con Roberto Ciufoli (che firma anche la regia), Benedicta Boccoli, Simone Colombari e Sarah Biacchi 2020 - Su con la vita fan Maurizio Micheli, dir. Maurizio MicheliSu con la vita! Gli spaiati e Le belle statuine; È proprio il caso di dire: “Su con la vita!”. Lo spettacolo di Maurizio Micheli ad Avezzano

tillefyzje 1984 – Pronto, Chi Gioca? (reg. Gianni Boncompagni) 1987-1990 – Domenica In (mei har suster Brigitta Boccoli) 1994 – Unomattina 1997 – Due Come Noi (mei Wilma De Angelis) 2006-2007 Reality Circus (realitytillefyzjeprogramma)

Fotogalery

Keppelings om utens & Offisjeel webstee fan Benedicta Boccoli

Kategory:Italjaansk telefyzje-akteur Kategory:Italjaansk filmakteur Kategory:Italjaansk toanielakteur Kategory:Italjaansk musicalakteur Kategory:Italjaansk sjonger Kategory:Italjaansk operasjonger Kategory:Dielnimmer oan in Italjaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1966