Jewel De'Nyle, echte namme: Stephany Schwarz (Wetmore (Kolorado), 5 augustus 1976), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte fan mingd etnysk komôf, mei Sisyljaansk, Dútsk, Swartfuotsk-Yndiaansk, Spaansk en Ingelsk bloed. Har artystenamme, dy't ûntliend is oan 'e Amerikaanske avontuerefilm The Jewel of the Nile (út 1985, mei yn 'e haadrollen Michael Douglas, Kathleen Turner en Danny DeVito), wurdt ek wol (mis)stavere as Jewel DeNyle, Jewel Denyle of Jewel de Nyle.
Libben
Karriêre Jewel De'Nyle groeide op as in ienlingsbern yn in húshâlding yn Wetmore, in lyts plakje yn 'e steat Kolorado. Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich sette se útein as stripper, dêr't se tige súksesfol mei wie. Rillegau gie se op toernee by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns, en teffens besocht se foar optredens Jeropa. Yn 1998, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Electric Sex, fan it label New Sensations. Se tekene in kontrakt by dy filmstudio en wie der ferskate jierren foar wurksum, wêrby't se û.m. spile yn 'e North Pole-searje fan 'e legindaryske akteur/regisseur Peter North, mei wa't se twa jier lang troud wie.
Fan 2000 ôf regissearre De'Nyle sels ek films, yn 't earstoan foar Jill Kelly Productions, mar letter foar Red Light District. Mei help fan Dion Giarusso en David Joseph, de oprjochters en eigners fan Red Light District setten De'Nyle en regisseur Michael Stefano yn 2003 harren eigen filmstudio op, Platinum X Pictures, dy't funksjonearre as in dochterûndernimming fan Red Light District. De'Nyle regissearre films foar Platinum X Pictures en aktearre dêr ek yn, oant it yn juny 2006 fanwegen in saaklik skeel ta in breuk kaam tusken har Joseph, dy't tsjin dy tiid folslein eigner wie fan Red Light District en oan 'e selsstannigens fan Platinum X Pictures knoeide.
Neitiid wurke De'Nyle foar lytsere produksjebedriuwen, lykas Fifth Element en Sinsation Pictures. Yn totaal spile se yn likernôch 275 pornofilms, wylst se der 80 regisearre. Mei har aktearwurk wûn se û.m. trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en ien Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografyske filmpriis. Boppedat is hja ynhuldige as in lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2007 hold se op fan aktearjen, en yn 2008 stoppe se ek mei regissearjen en loek se har hielendal út 'e pornoyndustry werom, om har mei har sechsde man nei wenjen te setten yn Ohio.
Priveelibben Jewel De'Nyle hat seis kear troud west, wêrûnder fan 1998 oant 2000 mei Peter North en fan 2001 oant 2003 mei Michael Stefano. Har mem, Deborah Lynn, makke har yntrede yn 'e pornoyndustry ûnder de artystenamme De'Bella, yn 2006, doe't se fyftich jier wie. Om't se yn 't earstoan wurke foar Platinum X Pictures en gebrûk makke fan De'Nyle har namme om bekendheid te krijen, late dat ta spul yn 'e famylje. Tsjin 2008 wie de rûzje wer bylein, wat neffens De'Nyle benammen mooglik makke wie trochdat har mem gjin gedoente mear hie mei har âlde bedriuw Platinum X Pictures.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2000Hot d'Orwûnbêste nije Amerikaanske stjern.f.t.XRCO Awardwûnbêste pornostjern.f.t.2001AVN Awardwûnbêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Sydnee Steele)Dark Angelswûnartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnbêste sekssêne mei in pearkeXxxtreme Fantasies of Jewel De'Nylewûnartyste fan it jiern.f.t.2002XRCO Awardwûnbêste lesbyske sekssêne (mei Inari Vachs)No Man's Land 33wûnorgastysk analisten.f.t.wûnartyste fan it jiern.f.t.2003AVN Awardwûnbêste anale sekssêne (fideo) (mei Lexington Steele)Babes in Pornland: Interracial Babes2004AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Francesca Zappitelli)Babes in Pornland 14: Bubble Butt Babesnominearrebêste anale sekssêne (fideo) (mei Manuel Ferrara)Babes in Pornland 14: Bubble Butt Babesnominearreartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara)Babes in Pornland 14: Bubble Butt Babes2005AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Rocco Siffredi)Rocco: Animal Trainer 152009AVN AwardynhuldigeAVN Hall of Famen.f.t.XRCO AwardynhuldigeXRCO Hall of Famen.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jewel De'Nyle Biografy en filmografy fan Jewel De'Nyle yn 'e Internet Movie Database Biografyske gegevens en filmografy fan Jewel De'Nyle yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk pornoprodusint Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Sisyljaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk stripper fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk produsint fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Swartfoet-komôf Kategory:Persoan berne yn 1976