Nikolaas fan Guildford, yn it Ingelsk: Nicholas of Guildford, wie in trettjinde-iuwsk Ingelsk dichter en mooglik de skriuwer fan it Midingelske gedicht The Owl and the Nightingale. Hy is inkeld bekend fan 'e (iroanyske) wize wêrmei't yn it gedicht sels nei him ferwiisd wurdt. Hoewol't oer him fierders neat bekend is, kin út it gedicht ôflaat wurde dat er in abbekaat of mooglik in rjochter west hawwe moat, wat yn dy tiid in tsjerklik wurkpaad ymplisearret. Guon saakkundigen fersmite trouwens syn bestean alhiel, en miene dat er neat oars is as in optinksel fan 'e (anonime) wiere skriuwer.
Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn de 13e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 13e iuw