De Skotten (Ingelsk: Scottish; Skotsk: Scots Fowk; Skotsk-Gaelysk: Albannaich) binne in folk dat lânseigen is yn it nei harren neamde Skotlân, dat it noardlike trêdepart omfiemet fan it eilân Grut-Brittanje, foar de Atlantyske kust fan Noardwest-Jeropa. Histoarysk binne de Skotten in gearraning fan in stikmannich ûnderskate folken, dy't yn 'e Iere Midsiuwen it Keninkryk Skotlân as in ûnôfhinklike steat fêstigen. Hoewol't dy ûnôfhinklikens yn 1707 ferlern gie, binne de Skotten as in tige werkenbere etnyske groep bestean bleaun, en hawwe se har yn 'e moderne tiid oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, mei as gefolch dat der hjoed de dei mear Skotten bûten as yn Skotlân wenje. Yn 2009 waard rûsd dat der yn totaal wrâldwiid 28 oant 40 miljoen Skotten en minsken fan Skotsk komôf binne.
Trochdat de Skotten fuortkommen binne út mear as ien folk, hawwe se oant hjoed de dei ta mear as ien taal, te witten it Germaanske Skotsk en it Keltyske Skotsk-Gaelysk. Beide binne lykwols sûnt likernôch 1600 almar fierder yn 'e knipe kommen troch de opmars fan it Ingelsk, dat tsjintwurdich troch de measte Skotten as har memmetaal sprutsen wurdt. Skotten binne yn mearderheid kristenen, wêrby't sawol it protestantisme as it roomsk-katolisisme oansjenlike oanhing hat. Ikoanen fan 'e Skotske kultuer binne û.m. de kilt (of manljusrok), it tartan (de weve wollene stof mei rútsjepatroan) en de doedelsek (in muzykynstrumint). Foarhinne wie benammen ûnder de bewenners fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden it clanwêzen ek tige wichtich.
Namme De namme "Skotten" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Yn it Ingelsk hat dizze oantsjutting him ta ferskate foarmen ûntjûn, te witten: Scottish, ['skɔtɪʃ]; Scots, [skɔʦ]; en Scotch, [skɔʧ]. Scottish wurdt mear as eigenskipswurd brûkt (Frysk: "Skotsk"), wylst Scots mear as haadwurd brûkt wurdt (Frysk: "Skotten"), mar se kinne allebeide sawol eigenskipswurd as haadwurd wêze. De foarm Scotch is ferâldere en is tsjintwurdich eins inkeld noch yn gebrûk foar produkten fan Skotske makkelei, benammen iten en drinken, lykas wisky.
Komôf fan de Skotten Yn 'e Midsiuwen ûntjoegen de Skotten har as ûnderskiedbere etnyske groep út in grienmank fan folken. De wichtichste groep waard dêrby foarme troch de Pikten, in folk fan ûndúdlik komôf. It wurdt tsjintwurdich wierskynlik achte dat hja ôfstammelingen wiene fan 'e earste weach fan Keltyske lânferhuzers, dy't yn it lêste milennium f.Kr. fan it fêstelân fan Jeropa oerstiek nei de Britske Eilannen en him dêr fermong mei de eardere Pre-Yndo-Jeropeeske bewenners. Mei't der lykwols net genôch fan 'e Piktyske taal oerlevere is om ta in wisse klassifikaasje te kommen, is it net út te sluten dat se eins gjin Kelten wiene, mar it lêste selsstannige restant fan 'e oerbefolking fan Skotlân.
In twadde groep waard foarme troch de Brytoanyske Kelten, dy't al foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid (dy't yn Brittanje yn it jier 43 begûn) it Súdskotsk Berchlân en it grutste part fan it leechlân fan Skotlân bewennen. Hja wiene ferdield yn ferskate stammen dy't behalven it suden fan Skotlân ek it noarden fan Ingelân bewennen, en Kumbrysk sprieken, in nau oan it Welsk besibbe taal. Sadwaande wurdt it Midsiuwske suden fan Skotlân en it oangrinzgjende diel fan noardlik Ingelân troch wittenskippers wol oantsjut mei de Welske namme Hen Ogledd, "it Alde Noarden". It wichtichste ryk fan 'e Brytoanyske Kelten yn súdlik Skotlân wie Strathclyde, dat syn sintrum hie by it hjoeddeiske Glasgow.
Fierders setten omtrint 500 de earste Gaelen (of Skotten) út Ierlân har nei wenjen oan 'e Skotske westkust. Hja namen taal en kultuer mei út Ierlân, en út harren Gaelyske Keltyske taal soe him neitiid it Skotsk-Gaelysk ûntjaan. Ek wiene sy it dy't (yn 'e persoan fan 'e hillige Kolumba) it kristendom nei Skotlân ta brochten. Oan 'e ein fan 'e sechsde iuw waarden de lytse Gaelyske rykjes troch kening Aidan feriene ta it keninkryk Dalriada, dat meitiid wat langer wat mear fergroeid rekke mei it Piktyske keninkryk, oant de Gaelyske kening Kenneth MacAlpin yn 843 op 'e Piktyske troan kaam. Om't bekend is dat de erfopfolging by de Pikten fia de mem rûn, wurdt wol tocht dat Kenneth syn mem in Piktyske prinsesse west hawwe moat.
Underwilens wiene de Germaanske Angelen mei de Saksen en guon Jutten en Friezen by it Germaanske Folkeferfarren oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid nei de Britske Eilannen tein. Yn 'e sânde iuw hiene hja yn noardlik Ingelân it keninkryk Noardumbrje stifte, en dêrwei begûnen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten dêre. De Angelen setten har nei wenjen yn it súdeasten fan Skotlân, yn 'e krite tusken de rivier de Tweed yn it suden en de Firth fan Forth yn it noarden, mar behearsken ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei de Flakte fan Kyle ta. Harren taal, in foarm fan it Angelsaksysk, soe him letter ûntjaan ta it Skotsk. Fanôf likernôch 800 brochten ynterne strideraasjes de Angelske hegemony yn súdlik Skotlân ûnder fuotten, hoewol't neitiid nije groepen Angelsaksen út Ingelân wei de grins oer kamen, fuort nei de Normandyske Ynfaazje fan 1066 wierskynlik sels yn oansjenlike oantallen.
Om dyselde tiid hinne kaam der in fyfde etnyske groep yn Skotlân, te witten de Noarske Wytsingen, dy't net inkeld ynfallen dienen en plonderings útfierden, mar har yn guon kontreien ek as kolonisten nei wenjen setten. Sa waard op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen de oarspronklike Piktyske befolking folslein troch de Noaren assimilearre, mar dy beide eilannegroepen foelen doedestiden ûnder de Noarske Kroan, en waarden hielendal net ta Skotlân rekkene. Ek tsjintwurdich noch wurde de Orkadiërs en de Sjetlanners faak as aparte groepen sjoen, dy't net mei de Skotten op ien bulte smiten wurde kinne. Yn it eigentlike Skotlân setten Noarske kolonisten har nei wenjen yn it uterste noarden fan 'e Heechlannen (it skiereilân Caithness), op 'e Hebriden en yn it súdwestlike Gallowegen. Op in stuit wiene se yn dy kriten sa machtich dat de Gaelyske befolking dêr omskreaun waard as Norse-Gaels ("Noare-Gaelen"). Uteinlik, lykwols, giene de Noaren dêr yn 'e Keltyske befolking op. Ut resint DNA-ûndersyk hat bliken dien dat likernôch 30% fan 'e befolking fan 'e Bûtenste Hebriden alteast foar in diel fan Noarske ôfstamming is.
Oan 'e sa ûntstiene smeltkroes waarden neitiid noch lytsere groepen tafoege. Sa nûge de Skotske kening David I yn 1113, nei't er út Ingelske ballingskip weromkeard wie en mei stipe fan Normandyske eallju út Ingelân de Skotske troan weromwûn hie, Normandyske aadlike famyljes út Ingelân en Frankryk út om har yn Skotlân nei wenjen te setten. In protte lju joegen dêr gehoar oan, en sa kin it dat guon fan 'e famyljenammen dy't tsjintwurdich as typysk Skotsk beskôge wurde, lykas Stewart (letter weromferfrânske ta Stuart), Bruce, Hamilton, Wallace en Melville, eins fan Normandysk komôf binne. In oare groep dy't him yn deselde tiid yn Skotlân nei wenjen sette, waard foarme troch de Flamingen (ferlykje de efternamme Fleming), dy't oer it algemien keaplju of hantwurkslju wiene.
Skiednis Midsiuwen As de berte fan it Keninkryk Skotlân wurdt ornaris de kroaning beskôge, yn 843, fan Kenneth MacAlpin ta kening fan Piktlân. Op dat barren folge in stadige ekspânsje fan it mienskiplike keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dat tsjin 'e alfde iuw "Skotlân" kaam te hjitten. De steatkundige grinzen fan it keninkryk waarden úteinlik fierhinne fêstlein yn it Ferdrach fan York, út 1237, mei Ingelân, en yn it Ferdrach fan Perth, út 1266, mei Noarwegen.
Yn 1290 ûntstie der troch it útstjerren fan it Hûs Canmore in opfolgingskrisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau en it lân regearre waard troch de saneamde beskermhearen. Dat machtsfakuum bea in iepening foar Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten. Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, ta kening kroane. Doe't dyselde twa jier letter, yn 1294, in bûnsgenoatskip mei de Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje") sleat, die Edwert in ynfal yn Skotlân, sette Jan fan Balliol ôf en griep sels de macht.
Dat late ta de saneamde Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, wêrby't Andréas fan Moray en William Wallace as de wichtichste lieders fan it Skotske ferset tsjin 'e Ingelske oerhearsking nei foarren kamen. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Hoewol't Wallace úteinlik troch ferrie yn Ingelske hannen foel en yn 1305 op in Londensk skavot einige, wie dat net de ein fan 'e striid, sa't Edwert hope hie. Want it jiers dêrop liet Robert de Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, himsels ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang mei de Ingelsen, wêrby't er mei de oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, de Skotske ûnôfhinklikheid feilichstelde.
Hoewol't de Bruce syn soan en opfolger David II himsels sawol de Ingelsen as ynterne Skotske rivalen fan it liif wist te hâlden, feroarsake syn brekme oan manlike erfgenamten dat nei syn dea yn 1371 mei syn omkesizzer Robert II it Hûs Stuart op 'e troan kaam. Under de Stuarts brieken tiden fan gruttere woltier oan, nettsjinsteande de oanhâldende konfrontaasjes mei Ingelân en de swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de almar djippere kulturele kleau tusken it leechlân en de Heechlannen.
It ferlies fan de Skotske ûnôfhinklikheid Mei har tanimmende ynfloed yn Skotlân twongen de Ingelsen yn 1560 de beëiniging fan 'e Auld Alliance ôf, wylst datselde jier de Skotske Reformaasje trochfierd waard. Doe't yn 1603 de lêste Tudor-hearsker fan Ingelân, keninginne Elizabeth I, sûnder bern stoar, urf har efterneef Jakobus VI de Ingelske troan, en waarden de beide keninkriken yn in personele uny feriene. Hoewol't it lân tenei fierhinne út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard, bleau Skotlân lykwols noch in iuw lang yn namme in selsstannich lân, oant omstannichheden en swiere Ingelske druk yn 1707 laten ta it trochfieren fan 'e beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny. Dêrtroch ûntstie it feriene keninkryk fan Grut-Brittanje, wêrfan't sawol regear as parlemint har sit hiene yn Londen.
De jakobityske opstannen De ôfsetting fan 'e rjochtlike kening Jakobus VII (Jakobus II fan Ingelân) by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689, fanwegen roomske sympatyen, sette by in protte Skotten in kwea bloed. Jakobus syn oanhingers, de jakobiten, besochten neitiid ferskate kearen him en letter syn erfgenamten wer op 'e troan te krijen. Fuort nei de Glorieuze Revolúsje, yn 1689, brocht John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve Dundee in Skotsk leger gear om te besykjen en behâldt Skotlân foar de kening, mar hoewol't er yn 'e Slach by Killiecrankie in grutte oerwinning behelle, sneuvele er sels op it slachfjild, wêrnei't syn leger útinoar foel.
In twadde jakobityske opstân fûn plak yn 1715 (the Fifteen), nei't it jiers tefoaren it Hûs Stuart mei keninginne Anne útstoarn wie, en har neef, de Dútske karfoarst fan Hannover, as George I op 'e Britske troan kommen wie. Dêrby brocht John Erskine, greve fan Mar de clans gear om tsjin it nije Hannoveraanske bewâld te striden, mar syn legerke waard yn 'e Slach by Sheriffmuir ferslein.