Faversham is in plak en civil parish yn it distrikt Swale, yn it Ingelske greefskip Kent. It plak hat 17.710 ynwenners (2001).

It karspel (parish) Faversham (Feversham) ûntstie oan in âlde haven oan 'e Faversham Creek en wie it plak dêr't de eksplosiven- en munysjeyndustry fan Ingelân ûntstie yn 'e 16e iuw. Yn it Domesday Book wurdt it plak oantsjut mei Favreshant.

De stêd is bekend troch it Britske biermerk Shepherd Neame, dat de âldste bierbrouwerij fan Grut-Brittanje is..

Eksploazje fan 1916 Op snein 2 april 1916, om 14.20 oere, kamen 109 manlju en jonges om it libben by in eksploazje yn it buskrûdfabryk yn 'e buorskip Uplees, noardlik fan Faversham. Twahûndert ton TNT ûntplofte neidat lege sekken yn 'e brân flein wiene. Mei grutte moed waard besocht de brân te dwêsten, mar nei't bliken die dat dat om 'e nocht wie joech de fabryksdirekteur George Evetts befel it terrein te ferlitten. Krekt doe't elkenien fuortgie, folge de eksploazje.

De klap wie sa swier dat yn Southend, oan 'e oare kant fan 'e mûning fan 'e Teems, ruten oan diggels fleagen en de ierdskodding oant yn Norwich field waard. De eksploazje sloech in krater fan likernôch 37 meter breed en sa'n 6 meter djip.

Under de 109 deaden wie de hiele fabryksbrânwar. By lettere, lytsere eksploazjes kamen noch mear brânwarlju om. In soad lichems waarden weromfûn yn 'e omlizzende sompen en sleatten, mar sân slachtoffers bleaune fermist, nei alle gedachten binne hja folslein weislein troch de eksploazje. In grut tal fan 'e deaden waard op 6 april 1916 begroeven yn in mienskiplik grêf op it begraafplak fan Faversham.

Keppelings om utens Faversham Group Flickr

thumb|left|260px|De merk fan Faversham mei it stedhûs op houten peallen

Kategory:Civil parish yn Kent Kategory:Plak yn Kent