Gina Lynn, echte namme: Tanya Mercado (Mayagüez (Porto Riko), 15 febrewaris 1974), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Portorikaansk-Italjaansk komôf, dy't op 't heden wurksum is as pornoregisseur en -produsinte.
Libben Gina Lynn waard berne yn Mayagüez, op Porto Riko, mar ferfear doe't se fiif jier wie mei har heit en mem nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn Jackson, yn 'e steat Nij-Jersey. Yn 1993, doe't se njoggentjin jier wie, begûn se te wurkjen as stripper yn in stripklub oan 'e saneamde Jersey Shore ("Jerseykust"), yn Asbury Park. Op in stuit waard har doe frege om te posearjen foar neakenblêden, lykas Chéri, dêr't se yn 1997 yn stie. Se waard as neakenmodel sa populêr dat har frege waard oft se net guon lesbyske pornofilms meitsje woe. Gina Lynn gie dêr op yn en makke har debút yn in pornografyske film yn 1999.
Yn 2001 die se har earste heteroseksuële sêne yn in film foar de studio Pleasure Productions, dêr't se doe in kontrakt by rinnen hie. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 180 pornofilms, oant se yn 2012 oankundige net mear as aktrise wurkje te sillen. Mei har aktearwurk hat se ien kear in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se 11 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Boppedat waard se yn 2010 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Fan 2004 ôf regissearre Gina Lynn sels ek films; oant 2013 binne dat der 28. Yn 2004 rjochte se, tegearre mei har man, pornoakteur en -regisseur Travis Knight, in eigen filmstudio op, Gina Lynn Productions. Yn 2012 stie se nochris yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet fan 'e moanne april.
Njonken har pornokarriêre figurearre Gina Lynn ek yn fideoklips fan 'e rappers Eminem (fan it nûmer Superman) en Vinnie Paz (fan it nûmer Keep Movin' On). Fierders wie se in figurante yn 'e mainstream-films Analyze That en Minghags. Yn 2004 hie se in lyts (pratend) roltsje as stripper yn in ôflevering fan 'e misdiesearje The Sopranos.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2004AVN Awardnominearreartyste fan it jiern.f.t.2005AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Boo Dilicious)Gina Lynn Reinventednominearrebêste orale sekssêne (fideo)Gina Lynn's Darksidenominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Jules Jordan, Travis Knight en Mr. Pete)Gina Lynn's Darksidenominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste gonzo-publikaasjeGina Lynn's Darkside2008AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Emmanuel Delcour)Flesh Hunter 9nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Nikki Benz en Mick Blue)Meet the Fuckers 6nominearrede Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jiern.f.t.FAME Awardwûnleaflingskontn.f.t.2009AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisOil Overload 1nominearrede Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jiern.f.t.nominearreynternetstjer fan it jiern.f.t.2010AVN AwardynhuldigeAVN Hall of Famen.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Gina Lynn Biografy en filmografy fan Gina Lynn yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Gina Lynn yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk pornoprodusint Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Penthouse Pet Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Portorikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1974