De First Folio is de wenstige oantsjutting fan wat eins ta titel hie: Mr. William Shakespeares Comedies, Histories, & Tragedies. It is de gesachhawwende útjefte op folioformaat út 1623 troch útjouwers Edward Blount en William en Isaac Jaggard, wêryn't troch Shakespeare syn kollega's John Heminges en Henry Condell 36 fan syn toanielstikken gearbrocht binne. Dêrûnder binne alle stikken dy't tsjintwurdich algemien as troch Shakespeare skreaun akseptearre wurde, útsein Perikles, Prins fan Tyrus, De Twa Aadlike Neven en de beide ferlern giene komeedzjes Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne. Hoewol't achttjin fan 'e stikken al earder útjûn wiene, foarme de opnimming yn 'e First Folio foar de oare achttjin de earste publikaasje. In grut part fan syn gesach ûntlient de samling fierders oan it feit dat it foar likernôch tweintich fan 'e stikken de iennichste betroubere tekstoerlevering is.

De First Folio waard sân jier nei Shakespeare syn dea útjûn. Heminges en Condell koene oer de toanielstikken beskikke, om't se, krekt as Shakespeare, ta de King's Men hearden, in Londensk teäterselskip dat alle stikken út 'e First Folio opfierd hie. (Yn it Elizabetaanske Ingelân wiene toanielstikken eigendom fan it selskip dat se opfierde, en net fan 'e toanielskriuwer.) Njonken de stikken dy't yn 'e First Folio steane en de fjouwer boppeneamde ûntbrekkende titels binne der noch in espel toanielstikken dêr't men wol fan hawwe wol dat Shakespeare de auteur is, mar wêrfan't de taskriuwing oan him om mearderlei redens twifelich is; dat binne de saneamde Shakespeariaanske apokrifa.

Opsomming Dit is in opsomming fan 'e stikken fan Shakespeare dy't opnommen binne yn 'e First Folio yn 'e (frij willekeurige) folchoarder dy't yn dy útjefte oanholden wurdt. Komeedzjes De Stoarm De Twa Eallju fan Verona De Fleurige Wyfkes Lyk om Lyk In Komeedzje Fol Fersinnen Folle Spul om Neat Leafde's Lêst Net Leanne In Midsimmernachtdream De Keapman fan Feneesje Nei Jim Beleavjen De Fekke Nuet Ein Goed, Alles Goed Trijekeningejûn It Winterjûnsteltsje Histoaryske stikken Kening Jan Richard II Hindrik IV, Diel 1 Hindrik IV, Diel 2 Hindrik V Hindrik VI, Diel 1 Hindrik VI, Diel 2 Hindrik VI, Diel 3 Richard III Hindrik VIII Trageedzjes Troilus en Kressida Koriolanus Titus Androanikus Romeo en Julia Timon fan Atene Julius Caesar Macbeth Hamlet Kening Lear Otello Antonius en Kleopatra Symbelinus

Kategory:Literêr wurk fan William Shakespeare Kategory:Bibliografy Kategory:Ingelsktalich toanielstik Kategory:Literêr wurk út 1623