In benei-dea-ûnderfining, ôfkoarten ta BDU (Ingelsk: near-death experience), is in ûnderfining hawwe fan in situaasje dy't tige ticht by de dea komt, dat yn gefal fan in libbensbedrige situaasje. By dy ûnderfining makket it bewustwêzen in feroaring troch.
Underfinings en beskriuwings thumb|250px|Ljocht oan de ein fan de tunnel Minsken dy't in BDU meimeitsje, meitsje meastentiids itselde troch al kinne de details ferskille, sa binne der bygelyks guons dy't wat prachtichs meimeitsje, mar likegoed binne der guons dy't in negative ûnderfining hawwe.
Eleminten fan in benei dea-ûnderfining kinne ûnder mear wêze: it gefoel ha dea te wêzen in gefoel ha fan frede en sûnder pine it gefoel bûten it lichem te wêzen (úttreding) troch in donkere romte - tunnel - gean oanlutsen te wurden troch in helder ljocht op de ein fan de tunnel in gefoel ûnderfine yn it ljocht fan leafde, fertrouwen, kennis, wiisheid en/of de oanwêzigens fan God bûten de tunnel in prachtich lânskip sjen (ek kleuren en/of muzyk) jin eigen libben sjen as in film, -panorama en dêr sels in oardiel fan jouwe, meastentiids op in ôfhâldende wize foarútsjen op it libben dat noch barre moat ferstoarne(n) tsjinkomme it besef ha in swette oer te gean - meastentiids by in meidieling fan in ferstoarn famyljelid of bekende - dêr't gjin weromkomme by mooglik is weromkomme yn it, faak pynlike, lichem de ûnderfining fan it belibbene net yn eigen wurde kinne omskriuwe de himmel/it paradys
Benei dea-ûnderfinings wurde soms melden nei in ûngemak, reanimaasje nei in hertstilstân of fan in oare libbensbedrige situaasje. Benei dea-ûnderfings kamen yn 'e kunde troch it wurk fan Raymond Moody, dy't yn de jierren sechtich ûnder in kolleezje fan George Ritchie oer syn BDU hearde en it ferskynsel bestudearre. Yn 1975 kaam syn boek "Life after life" út oer dit ûnderwerp. Sûnt "Life after life" is der in grut ferskaat fan artikels en boeken publisearre oer BDU en dy't in goed byld jouwe fan it ferskynsel al rinne de mieningen oer de oarsaak en betsjutting útien.
Literatuer , Life after Life: The Investigation of a Phenomenon - Survival of Bodily Death, Bantam, New York, 1975. Nederlandse vertaling: Leven na dit leven, Strengholt, Naarden, 1986. , Over de dood en het leven daarna, Ambo/Anthos, Amsterdam, 1985. , Bijna dood. Leven met bijna-doodervaringen, Lannoo, Tielt, 2001. , Onvergankelijk!, De bijna-doodervaring, venster op het licht van non-lokaal bewustzijn, Elmar, Rijswijk, 2008. , Eindeloos Bewustzijn, Ten Have, Utrecht, 2008.
Keppeling om utens The International Association for Near-Death Studies, Inc., Building Global Understanding of Near-Death Experiences Onderzoek op de grens van de dood, televisieserie Galileo, Evangelische Omroep, aflevering 23 okt 2007 www.near-death.com/experiences
Kategory:Dea Kategory:Waarnimming