Tjeerd Ottes van der Weide (Wûnseradiel, 27 oktober 1885 – Weesperkarspel, 6 juny 1947) wie boargemaster fan Velsen út namme fan de NSB.
Van der Weide wie boargemaster fan augustus 1942 oant de befrijing yn 1945. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er fan de Bysûndere Rjochtspleging ta de dea feroardield en 6 juny 1947 eksekutearre.
Van Der Weide wie ferantwurdlik foar it ôfbrekken fan parten fan IJmuiden en Velsen om de oanlis fan de Atlantikwall dêre mooglik te meitsjen. Yn syn frije tiid die er mei oan hússikingen, arrestaasjes en ûnderfreegjen fan joaden dy't ûnderdûkt wiene, yllegale wurkers en 'fertochte' persoanen.
Hy arrestearre sels de stasjonsjef fan IJmuiden yn 1943 neidat dy sein hie dat de spoarwegen meidwaan moatten hiene oan de april-maaiestakingen. De oare deis waard de stasjonssjef troch de Dútsers deasketten. By de spoarstaking yn 1944 drige de boargemaster dat alle spoarmeiwurkers oan de SS útlevere wurde soene at hja meidienen oan de staking. Van der Weide krige foar syn aktive pro-Dútske belied it Kriegsverdienstkreuz 2e klasse fan de besetter.
Doe't er nei de oarloch foar de rjochter stie, sei Van Der Weide dat er altyd in goed faderlanner west hie en dat er nea witten hat dat de deportearre joaden deadien wurde soene.
Keppeling om utens Artikel oer Van der Weide op it webstee fan it Niod
Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk faksist Kategory:Frysk krimineel Kategory:Frysk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:NSB-politikus Kategory:Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk faksist Kategory:Nederlânsk krimineel Kategory:Dielnimmer oan de Holokaust Kategory:Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan feroardiele foar lânferrie Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Wûnseradiel Kategory:Persoan berne yn 1885 Kategory:Persoan stoarn yn 1947