Willem die Madocke maecte is de selsoantsjutting fan 'e fierders anonime, wierskynlik Eastflaamske skriuwer dy't omtrint 1260 it ferneamde Midnederlânske fabeleftige epysk gedicht Van den Vos Reynaerde skreau. Der is frijwol neat mei wissichheid oer de man bekend, útsein it yn syn skûlnamme besletten leine feit dat er de auteur wêze soe fan it fierders ûnbekende Madocke. (Hubert Lampo wol hawwe dat dy titel ferwize kin nei de Welske prins Madoc ap Owain, dy't neffens de leginde yn 1170 nei Amearika fear). Op grûn fan syn skriuwstyl en taaleigen binne taalhistoarisy fan tinken dat Willem die Madocke maecte ôfkomstich wie út 'e streek tusken Gint en Hulst.
Resint is men begûn te tinken oan Willem fan Boudelo (byneamd Willem Koarthals) as in mooglike kandidaat foar de wiere identiteit fan maecWillem die Madocke te. Willem Koarthals wie in lekebroer yn 'e abdij fan it Flaamske Boudelo en behearde foar de greven fan Flaanderen in sikehûs te Risel. Teffens kocht er foar it grevehûs ûnûntgûne grûnen oan en wied er midsman yn juridyske skelen. Ien fan syn grûnoankeapen wie fuort by it doarpke Absdale, tusken Hulst en Aksel, dêr't er ek in hûs hie, sa't bliken docht út akten fan 1267 en 1280. En krekt Absdale spilet in wichtige rol yn Van den Vos Reynaerde.
Kategory:Súdnederlânsk dichter (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk romanskriuwer (foar 1830) Kategory:Flaamsk dichter Kategory:Flaamsk romanskriuwer Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn 1230 Kategory:Persoan stoarn yn de 13e iuw