Édouard-Henri Avril (Algiers, 21 maaie 1849 – Le Raincy, 1928) wie in Frânsk skilder/grafysk keunstner dy't ferneamd waard ûnder it pseudonym Paul Avril as yllustrator fan eroatyske literatuer.
Biografy Avril wie ynearsten militêr, mar ferdjippe him letter yn de keunst. Hy besocht ferskillende Paryske salons nei 1878. Fan 1874 oant 1878 studearre er oan de École des Beaux Arts. Doe't him frege waard de novelle Fortunio fan Théophile Gautier te yllustrearjen keas er de skûlnamme Paul Avril. Dêrom wurdt er wolris troch elkoar helle mei syn broer Paul Victor Avril. Avril syn namme krige rillegau klank en hy krige in protte yllustraasjeopdrachten foar boeken fan ferneamde skriuwers. Hy makke ek geregeldwei wurk dat ta de 'galante literatuer' rekkene wurdt. Dy eroatyske geskriften waarden yn lytse oplagen, faak op abonnemintsbasis, oan sammelers ferkocht.
Avril yllustrearre ûnder oaren: Gustave Flaubert - Salammbô; Théophile Gautier - Le Roi Caundale; John Cleland - Fanny Hill; Jean Baptiste Louvet de Couvray - Les aventures du Chevalier de Faublas; Mario Uchard - Mon Oncle Barbassou; Jules Michelet - La Femme; Hector France - Musque, hashish et sang; Pietro Aretino - Sonetti lussuriosi; Alfred de Musset - Gamiani (skriuwer is soms striderij oer). Octave Uzanne - mear as ien wurken
De yllustraasjes dy't er makke foar Friedrich Karl Forberg, De Figuris Veneris. Manuel d’érotologie classique (1906; fertaling út it Latyn yn it Frânsk), wurde as syn bêste wurk beskôge.
Galery
Keppelings om utens Fotogalerij
Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Eroatysk keunstner Kategory:Persoan fan Frânsk-Algerynsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1849 Kategory:Persoan stoarn yn 1928