Noäch is in ferlern giene en algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel.
It wie in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske persoan Noäch, dy't inkeld oerlevere is troch sitaten yn 'e apokrife teksten Henoch en Jubileeën, en yn 'e foarm fan in stikmannich fragminten dy't healwei de tweintichste iuw mank de Deade-Seerôlen te Qumran fûn binne: 21 koarte fragmintsjes út Grot 1 en twa langere fragminten út Grot 4.
Ut alle oerlevere fragminten mei-inoar is lykwols net mei wissichheid op te meitsjen wêr't Noäch persiis oer gie, wa't de wiere skriuwer wie of wannear't it datearre wurde moat.
Kategory:Apokryf boek fan it Alde Testamint Kategory:Hebriuwsktalich non-fiksjewurk Kategory:Klassyk Hebriuwske literatuer Kategory:Joadsk non-fiksjewurk Kategory:Kristlik non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út de Aldheid Kategory:Ferlern gien literêr wurk Kategory:Deade-Seerôlen