thumb|Albert Mol, 1962 thumb|Stânbyld fan Mol yn Giethoorn
Albert Mol (Amsterdam, 3 jannewaris 1917 — Laren, 9 maart 2004) wie in Nederlânsk akteur, dûnser, kabaretier en skriuwer.
Mol waard ferneamd yn de jierren 70 as panellid fan it tillefyzjespultsje Wie van de Drie. Earder wie er al bekend fan syn rollen yn de films Het wonderlijke leven van Willem Parel (1955) en Fanfare (1958) fan Bert Haanstra. Letter die er ek mei yn de film Op hoop van zegen (1986). Oan de ein fan syn wurkpaad hie er in gastrol yn de komedyrige Toen was geluk heel gewoon en yn Arjan Ederveen syn 30 minuten (ôflevering Fout in '45). Hy trede faak op mei Wim Sonneveld.
Priveelibben Mol wie fan 1948 oant 1955 boaske oan balletdûnseres Lucy Bor. Se krigen in dochter: de aktrise Kika Mol (1949). Op 16 maart 1998 sleat Albert mei syn freon Guerdon Bill, dy't al tritich jier syn libbenspartner wie, in registrearre partnerskip yn Sutfen. Mol wie ien fan de earste ferneamde Nederlanners dy't yn it iepenbier witte woe dat er homoseksueel wie. Hy hat in soad krewearre foar de emansipaasje fan homoseksuelen.
De lêste jierren fan syn libben wie er in protte siik. Mol libbe doe tige op himsels yn Laren yn Gelderlân. Syn partner Bill stoar augustus 2003 mei 67 jier. Goed in heal jier letter stoar Albert Mol yn de âldens fan 87 jier yn Laren.
Boeken Breek me de bek niet open (mei Frans Mulder) Het doek viel te vroeg Wat Zien Ik!? Haar van Boven Blonde Greet Dag dag welterusten Mengele broek en pintje billen (autobiografysk)
Oer Albert Mol Albert Mol (boek fan Tony van Verre) In tf-portret fan Albert Mol en 'Geurt' wie te sjen yn 'Verslag op Dinsdag' (1969) in magazine fan de KRO-tf makke fan Theo Uittenbogaard De dokumintêre Malle Appie, 2003 fan Karin Junger.
Keppelings om utens Biografy fan Albert Mol
Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk dûnser Kategory:Nederlânsk komyk Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 2004