rjochts|thumb|180px|Taco Roorda Taco Roorda (Britsum, 19 july 1801 – Leien, 5 maaie 1874) wie in letterkundige,
Taco Roorda studearre yn Grins teology. Yn 1824 sleat er syn stúdzje ôf mei in promoasje ta doktor. It jier dêrnei krige er in Grinzer earedoktoraat yn de letteren. Ynearsten waard Roorda dûmny yn Lytsegast yn Grinslân.
Yn 1828 waard Roorda professor yn de Easterske talen te Amsterdam. Yn 1835 ferwiksele er Amsterdam mei Delft. Syn learopdracht wie dêr taal-, lân-, en folkekunde yn Nederlânsk-Ynje. Yn 1864 waard Roorda professor oan de Ryksynstelling foar Yndyske taal-, lân- en folkekunde te Leien.
Roorda, waans namme no noch yn fakrûntes neamd wurdt, wie foaral spesjalist yn it Javaansk. Dêrnjonken hat er learboeken en beskôgings skreaun oer taalkunde en oer teologyske ûnderwerpen.
Publikaasjes In kar: Specimen doctrinae theologicae, exhibens commentarios in aliquot Ieremiae loca. Groningae : apud W. Van Boekeren, 1824. Javaansche wetten, namelijk de nawålå-pradåtå, de anggĕr-sadåså, de anggĕr-agĕng, de anggĕr-goenoeng en de anggĕr-aroebiroe. Amsterdam : Johannes Müller, 1844. Javaansch-Nederduitsch woordenboek, mei J.F.C. Gericke. Amsterdam : Müller, 1847-1952. Over de deelen der rede en de rede-ontleding of logische analyse der taal, tot grondslag voor wetenschappelijke taalstudie. Ljouwert : G.T.N. Suringar, 1852. Javaansche grammatica, benevens een leesboek tot oefening in de Javaansche taal, Amsterdam, Johannes Müller, 1855. De Wajangverhalen van På°la-sårå, Pandoe en Raden Pandji, De Haach: Martinus Nijhoff, 1869.
Keppelingen om utens Biografysk portaal Biografyen, wurken en teksten by de Digitale Biblioteek foar de Nederlânske Letteren (dbnl)
Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk etnolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk etnolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Britsum Kategory:Persoan berne yn 1801 Kategory:Persoan stoarn yn 1874