Patricia "Pat" Wrede, folút: Patricia Collins Wrede (Chicago, 27 maart 1953) is in Amerikaansk skriuwster fan mear as tweintich romans fan it fantasy-sjenre.
Libben Patricia Wrede waard yn 1953 berne yn 'e stêd Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as Patricia Collins. Hja groeide op as de âldste yn in gesin mei fiif bern, en studearre yn 1974 ôf oan it Carleton College mei in bachelorstitel yn biology. Yn 1976 troude se mei James Wrede, mei wa't se har nei wenjen sette yn Minneapolis, yn 'e steat Minnesota, dêr't se noch altyd wennet, al einige har houlik yn 1991 yn in skieding. Yn 1977 behelle se in MBA, oftewol in masterstitel yn bedriuwskunde, oan 'e Universiteit fan Minnesota. Wylst se dêrnei wurke as accountant en finansjeel analyste, fûn se noch genôch tiid om yn 1978 har earste boek ôf te krijen, wêrnei't se om in útjouwer begûn te sykjen.
Underwilens rjochte se yn jannewaris 1980 mei Pamela Dean, Emma Bull, Will Shetterly, Steven Brust en Nate Bucklin de fantasyskriuwersrûnte The Scribblies op, wêrfan't se fiif jier lid bleau. Letter dat jiers mette se har kollega Lillian Stewart Carl, dy't har yn 'e kunde brocht mei Lois McMaster Bujold. Mei dy beide is sûnt altyd goed befreone bleaun, en se spile in wichtige rol by it opstarten fan Bujold har eigen karriêre as skriuwster, in pear jier letter.
Yn april 1980 fûn Wrede einlings en te'n lêsten in útjouwerij dy't mei har yn see woe, en yn 1982 kaam har earste boek Shadow Magic út by Ace Books. Yn 1985, koarte tiid foar't har fyfde boek útjûn waard, joech se har baan as accountant deroan om har fulltime op it skriuwen ta te lizzen. Wrede is in fegetariër en wennet gear mei twa katten. Se hat sels gjin bern, mar bedjert ynstee har acht muoikesizzers as dy by har delkomme. Yn 2009 skonk se har argyf oan 'e ôfdieling Seldsume Boeken en Spesjale Kolleksjes fan 'e Universiteit fan Noardlik Illinois.
Wurk Lyra-searje 1982: Shadow Magic 1984: Daughter of Witches 1985: The Harp of Imach Thyssel 1997 (omnibus): Shadows over Lyra (ynkl. Shadow Magic, Daughter of Witches en The Harp of Imach Thyssel) 1987: Caught in Crystal 1994: The Raven Ring The Enchanted Forest Chronicles ("Kroniken fan it Betsjoende Wâld") 1985: Talking to Dragons 1995: Talking to Dragons (op 'e nij besjoene en oanpaste ferzje) 1990: Dealing with Dragons 1991: Searching for Dragons 1993: Calling on Dragons Cecelia and Kate-rige (in searje briefromans, skreaun tegearre mei Caroline Stevermer) 1988: Sorcery and Cecelia, or The Enchanted Chocolate Pot: Being the Correspondence of Two Young Ladies of Quality Regarding Various Magical Scandals in London and the Country (nije printinge 2003) 2004: The Grand Tour or The Purloined Coronation Regalia: Being a Revelation of Matters of High Confidentiality and Greatest Importance, Including Extracts from the Intimate Diary of a Noblewoman and the Sworn Testimony of a Lady of Quality 2006: The Mislaid Magician or Ten Years After: Being the Private Correspondence Between Two Prominent Families Regarding a Scandal Touching the Highest Levels of Government and the Security of the Realm Magic and Malice-searje 1991: Mairelon the Magician 1997: Magician's Ward 1999 (omnibus): Magic and Malice (ynkl. Mairelon the Magician en Magician's Ward) 2010 (paperbackomnibus): A Matter of Magic (ynkl. Mairelon the Magician en Magician's Ward) Frontier Magic-searje 2009: Thirteenth Child 2011: Across the Great Barrier 2012: The Far West Star Wars-juniorromans 1999: Star Wars, Episode I – The Phantom Menace (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen) 2002: Star Wars, Episode II – Attack of the Clones (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen) 2005: Star Wars, Episode III – Revenge of the Sith (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen) op harsels steande romans 1984: The Seven Towers 1989: Snow White and Rose Red (op basis fan it mearke Sniewytsje en Roazerea) 1996: Book of Enchantments
Keppelings om utens Offisjele webside fan Patricia Wrede
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk berneboekeskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Lois McMaster Bujold Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1953