thumb|Silhouet Adam Sijbel (1786) door Matthias Janss. fan Geuns Adam Sijbel (Amsterdam, doopt 5 april 1746 - Makkum, 24 septimber 1803) wie in Nederlânsk tegelskilder. Sijbel soarge foar nije ympulsen by it meitsjen fan siertegels yn Fryslân; boppedat joech er de toan oan foar it wurk fan it tegelfabryk yn Makkum.Pluis 2000:60 t/m 71
Biografy Sijbel waard 1746 yn de Lutherske Tsjerke yn Amsterdam doopt as soan fan de kommandeur Davit Sijbel en fan Catharina Swart. Hy waard oplaat ta plateelskilder by it tegelfabryk D' Oude Prins yn de Jordaan. Sijbel troude 12 july 1778 yn Amsterdam mei Saartje Pietersdr. fan Woensel. Yn 1781 waard er lid fan de doperske gemeente. Om reden dat er dêr gjin takomst seach ferfear Sijbel yn 1784 nei Makkum, faaks op foarspraak fan de doperske learaar Matthias fan Geuns, dy't 1783 predikant yn Makkum wurden wie. Van Geuns koe Sijbel noch fan syn stúdzjetiid (1779-1782) yn Amsterdam. Van Geuns wenne njonken de reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma. Sijbel krige in oanstelling foar tsien jier by it tegelfabryk fan Kingma. Doe al, mar ek letter skildere er foar it diggelguodfabryk fan Tichelaar dêre. Sijbel hat foar it fabryk fan Kingma "het aanzien van het product bepaald".Pluis 2000:71 Adam Sijbel Sijbel stoar septimber 1803 mei 57 jier yn frijwat behyplike omstannichheden yn syn wenplak Makkum.Pluis fernijdt dat er yn 1802 fan de bedeling krige, troch de diakony fan de doperske tsjerke. Saartje van Woensel wie trettjin jier earder, yn 1790, yn Makkum stoarn (Pluis 2000:63).
Monumintale en museale keunstwurken
De monumintale tegelwand mei tolve Tegeltablo's yn hotel De Prins fan Fan Sijbel (1790) is in ryksmonumint.
Wurk fan Sijbel is te finen yn ûnder oaren it Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert it Frysk Museum yn Ljouwert it Frysk Skipfeart Museum yn Snits it Metropolitan Museum of Art yn New York de Koninklijke Musea voor Kunst en Geschiedenis yn Brussel it Ryksmuseum yn Amsterdam it Museum Warkums Erfskip yn Warkum
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk ticheler Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ticheler Kategory:Plateelskilder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1746 Kategory:Persoan stoarn yn 1803