thumb|Kriten dêr't brochs foarkomme In broch is in rûne, stiennen toer, mei dûbele muorren, fan soms goed 10 meter hichte. De bouwurken stamje út de Izertiid. Harren doel is net bekend. De measte brochs binne te finen op de Orkney-eilannen, Sjetlâneilannen en de lânsdouwe Caithness yn Skotlân.

De âldste brochs datearje faak al fan 600 f.Kr.I. Armit, Towers in the North - The Brochs of Scotland, s. 33. De measte brochs waarden lykwols boud tusken 100 f.Kr. en 100 nei Kr.J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, pagina 5. De Pikten wennen foar in grut part yn deselde kriten as de bouwers fan de brochs. De brochs kinne lykwols net oantsjut wurde as Pictic towers,J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, s. 43. sa't guonts wol hawwe wolle. De âldste fernijing fan de Pikten is nammentlik earst út 297 nei Kr. dat de Pikten kinne heechút as neisieten fan de broch-bouwers sjoen wurde.

Keppeling om utens

Kategory:Toer Kategory:Festingwurk Kategory:Lienwurd út it Keltysk