Gabriella Blicq, echte namme: Szilvia Forian (27 juny 1976), is in rêstend Hongaarsk fotomodel, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gabriella Blick, Gabriella Bliq, Gaby, Gaby Wolf, Gabriella Wolf, Jacqueline Roget en Carmen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei in gewicht fan 63 kg.

Karriêre Blicq begûn har karriêre as fotomodel en wie Miss Hongarije yn 'e Miss Universe-ferkiezing yn 1994. Datselde jiers noch, op har achttjinde, makke se har debút yn har earste pornografyske film, in produksje fan it Sweedske Private-label. Pas twa jier letter, yn 1996, spile se op 'e nij yn in pornofilm. Yn totaal die se mei oan likernôch tweintich films, de measten fan Private. Yn 2000 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Gabriella Blicq yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Gabriella Blicq yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Hongaarsk model Kategory:Miss Hongarije Kategory:Hongaarsk neakenmodel Kategory:Hongaarsk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1976