220px|thumb|right|Ubuntu 11.10 (Oneiric Ocelot) Ubuntu is in op Debian Linux basearre distribúsje-rige foar Linux. De oarpronklike ferzje is fan 2004.

Opset By de Ubuntu-distribúsjes leit de klam op de tagonklikens. Hjir is de kar fan de tapassings wat oan oanpast en der wurdt in protte wurk makke fan oersettings. Ek hoecht de brûker, oars as ornaris by Unix, him net apart as oerbrûker oan te melden om de ynstellings feroarje te kinnen of programma's tafoegje te kinnen. Fierders wurde de distribúsjes fan Ubuntu Linux yn alle gefallen noch 18 moanne stipe mei feiligensoanpassings.

Distribúsjes Dy distribúsjes komme geregeldwei út, alle jierren yn april en oktober; de distribúsjenûmers binne ek basearre op it jier en de moanne fan distribúsje. Alle distribúsjes krije lykwols ek in namme. De ienige útsûndering oant no ta wie de maitiid fan 2006, doe't foar it earst in LTS-distribúsje útkaam: de Dapper Drake-distribúsje hie yn april útkomme moatten as 6.04, mar it waard juny en 6.06 LTS. Dat LTS betsjut dan Long time supported, lang stipe. Ynstee fan 1,5 jier wurde LTS-distribúsje yn alle gefallen 3 jier stipe. Troch it wurk KDE te ferfryskjen binne de Dapper Drake-distribúsje en letter foar in part ek yn it Frysk beskikber.

Namme De namme Ubuntu is in wurd út it Sûlû. Letterlik oerset is it eat as geastlik persoan, mei de betsjutting fan minsklikens. It jout oan dat in persoan om minske te wêzen him ek nei de geast fan in minske hâlde moat, yn harmony mei himsels, mei oaren en mei de wrâld.

Skiednis Oant no ta hat Ubuntu bestean út de neikommende distribúsjes: 4.10 - Warty Warthog 5.04 - Hoary Hedgehog 5.10 - Breezy Badger 6.06 LTS - Dapper Drake 6.10 - Edgy Eft 7.04 - Feisty Fawn 7.10 - Gutsy Gibbon 8.04 LTS - Hardy Heron 8.10 - Intrepid Ibex 9.04 - Jaunty Jackelope 9.10 - Karmic Koala 10.04 LTS - Lucid Lynx 10.10 - Maverick Meerkat 11.04 - Natty Narwhal 11.10 - Oneiric Ocelot 12.04 LTS - Precise Pangolin 12.10 - Quantal Quetzal 13.04 - Raring Ringtail 13.10 - Saucy Salamander 14.04 LTS - Trusty Tahr 14.10 - Utopic Unicorn 15.04 - Vivid Vervet 15.10 - Wily Werewolf 16.04 LTS - Xenial Xerus 16.10 - Yakkety Yak 17.04 - Zetsy Zapus 17.10 - Artful Aardvark 18.04 - Bionic Beaver 18.10 - Cosmic Cuttlefish 19.04 - Disco Dingo 19.10 - Eoan Ermine 20.04 - Focal Fossa 20.10 - Groovy Gorilla 21.04 - Hirsute Hippo 21.10 - Impish Indri 22.04 LTS - Jammy Jellyfish 22.10 - Kinetic Kudu 23.04 - Lunar Lobster 23.10 - Mantic Minotaur 24.04 LTS - Noble Numbat 24.10 - Oracular Oriole 25.04 - Plucky Puffin 25.10 - Questing Quokka 26.04 LTS - Resolute Raccoon 26.10 - Stonking Stingray (takomstige ferzy) Fan 6.06 LTS ôf rinne de earste letters op as hie de earste distribúsje in namme mei in A hân.

Keppelings om utens Webstee foar Ubuntu Linux: Nederlânsk, Ingelsk. Fergees Ubuntu op CD bestelle: Nederlânsk, Ingelsk. Doch mei mei it oersetten fan Ubuntu.

Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2004