Nyomi Banxxx, echte namme: Amanda Dee (Chicago, 14 oktober 1972), is in rêstend Amerikaansk stripper en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, dy't berne is yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Hja hat yn it ferline ek wol oare artystenammen brûkt, lykas Nyomi, Naomi, Naomi Bankxx, Nyaomi Banxxx, Naomi Knoxxx, Naomi Banxx, Naomi Banxxx en Naomi Banks.

Libben Nyomi Banxxx groeide yn Chicago op yn in konservatyf fermidden. Se hat in masterstitel yn maatskiplik wurk en hie nei it ôfrûnjen fan har oplieding jierrenlang in baan as maatskiplik wurkster. Hja ferfear yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich nei Los Angeles, dêr't se yn 2001 behelle rekke yn 'e pornoyndustry. Nei fiif jier efter de skermen wurksum west te hawwen, makke se yn 2006 har debút as aktrise yn in pornografyske film. Sûnt hat se yn likernôch 160 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy, foar labels as Vivid, Hustler, Elegant Angel en Adam & Eve. Yn 2009 wûn se de Urban X Award foar bêste milf-artyste, en yn 2011 waard har deselde priis takend yn 'e kategoryen bêste aktrise fan it jier en bêste anale sekssêne fan it jier. Njonken har aktearwurk runt Banxxx eigenhandich har offisjele webside en in eigen poduksjemaatskippij, That's Common Productions. En fierdersoan sjongt en muziket se ek, en hat se in eigen muzyklabel. Yn 2012 sette Banxxx ek útein mei in karriêre as feature dancer.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2007 AVN Award nominearrebêste orale sekssêne fan it jier Manhunters 2009 Urban X Award wûnbêste milf-artyste fan it jier n.f.t. 2010 AVN Award nominearrebêste oarspronklike liet (Goin' on In) The Jeffersons: A XXX Parody 2011 XRCO Award nominearreûnderwurdearre sirene n.f.t. Xbiz Award nominearrefroulike aktearprestaasje fan it jier Official Friday ParodyAVN Award nominearrebêste aktrise fan it jier Fatally Obsessed nominearreûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t. nominearrebêste orale sekssêne fan it jier Throat Injection 3Urban X Award wûnbêste aktrise fan it jier n.f.t. wûnbêste anale sekssêne fan it jier Dynamic Booty 52013AVN Awardnominearrebêste aktriseTraining Day: A Pleasure Dynasty ParodyXbiz Award nominearrebêste aktrise yn in parodyTraining Day: A Pleasure Dynasty Parody

Keppelings om utens Offisjele webside fan Nyomi Banxxx Biografy fan Nyomi Banxxx yn 'e Internet Movie Database

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk stripper fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1972