Fokker C.XIw 275px Rol Ferkenningsfleanmasine Makker Fokker Earste flecht 1935 Yn tsjinst 1938 Ut tsjinst 1942 Tal makke 14 Brûkers Keninklike Marine (Nederlân)

De Fokker C.XIw wie in ferkenningsfleanmasine fan fleanmasinefabrikant Fokker dy't foar it earst fleach yn 1935.

De C.XIw wie ûntwurpen om mei in katapul fan in skip ôf lansearre te wurden. Nederlân hie op de kruser Hr. Ms. De Ruyter in Heinkel-katapul.

De Fokker C.XIw wie tradisjoneel boud: in romp fan staalbuis beklaaid mei linnen, fleugels mei in houten ramt foar in part beklaaid mei hout en diels mei linnen.

Spesifikaasjes benanning: twa, piloat en waarnimmer lingte; 10,40 m spanwiidte: 13,00 m hichte: 4,50 m fleugeloerflak: 40 m² gewicht leech: 1.715 kg maks. gewicht laden: 2.545 kg motor: 1 Wright R-1820-F52 fan 775 hk maks. faasje: 280 km/o fleanberik: 730 km plafond: 6.400 m klimfaasje: 4,8 m/s bewapening: 1 × fêst 7.9 mm (.31 in) M1919 Browning masinegewear foar yn de romp en 1 × 7.9 mm (.31 in) FN-Browning mg yn de waarnimmerscockpit

Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske ferkenningsfleanmasine Kategory:Nederlânske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1935