Nils Århammar (Katrineholm, 7 augustus 1931 - Niebüll, 10 jannewaris 2022)Oud-hoogleraar Fries Nils Århammar (90) overleden. Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2022 wie in Sweedske taalkundige, dy't him spesjalisearre hat yn 'e frisistyk, en him benammentlik dwaande holden hat mei de Noardfryske taal.
Biografy Århammar studearre germanistyk yn Uppsala, Múnster, Keulen en Marburch. Begjin sechstiger jierren late er as wittenskipsassistint foar de Nordfriesische Wörterbuchstelle, oan 'e Universiteit fan Kiel, de stúdzje nei it gebrûk fan 'e Noardfryske dialekten Fering en Öömrang op 'e eilannen Föhr en Amrum. Neitiid krige er in oanstelling oan 'e Marburger universiteit, dêr't er yn 1966 lektor Sweedsk waard.
Yn 1968 waard oan Århammar de fuortsetting fan 'e gearstalling fan it wittenskiplike Hilgelânsk wurdboek (Helgoländer Wörterbuch) tabetroud. Yn 1974 waard er oansteld ta lektor Germaanske filology mei bysûndere ferantwurdlikheid foar it Frysk en it Nederdútsk. Yn 1976 waard er beneamd ta perfester Frysk en Goatysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn 1988 waard er oansteld as de earste en oant noch ta iennichste perfester Frysk en Fryske didaktyk oan 'e Universiteit Flinsboarch, dat doe koenen foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde. Mei dizze learstoel yn Flinsboarch wie tagelyk it direkteurskip fan it Noardfrysk Ynstitút, te Bredstedt, ferbûn. Nei syn emeritaat, yn 1996, hat Århammar him tegearre mei syn frou Ritva op it wurk oan it noch altyd net foltôge Helgoländer Wörterbuch talein.
Århammar stoar yn jannewaris 2022 Niebüll yn 'e âldens fan 90 jier.
Wurk 1966: Nordische Lehnwörter und lexikalische Stützung im Nordfriesischen 1969: Die Amringer Sprache – Die Amringer Literatur, yn: Hansen, Margot; Hansen, Nico (ed.), Amrum – Geschichte und Gestalt einer Insel 1967: Die Syltringer Sprache – die Syltringer Literatur (werútjefte 1975) 1975: Die Sprachen der Insel Föhr: Föhrer Friesisch (Fering) und Plattdeutsch 1979: Scripta Frisica: tinkbondel foar Arne Spenter (1926-1977) 1984: Miscellanea Frisica: In Nije Bondel Fryske Stúdzjes = Een Nieuwe Bundel Friese Studies = A New Collection of Frisian Studies 1993: Skriiw fresk; Schriw frasch; Skriiv friisk: Texte aus einem friesischen Literaturwettbewerb 1989/90 1996: A Frisian and Germanic miscellany: published in honour of Nils Århammar on his sixty-fifth birthday 2001: Handbuch des Friesischen – Handbook of Frisian studies (tegearre mei Horst Haider Munske et al.) 2001: Aspects of Language: Studies in Honour of Mario Alinei
Earebetoan 2011: „Verdienter Bürger“ fan it eilân Helgoland as mei-auteur fan it learboek Wi lear halunder 2014: Hans-Momsen-Preis
Literatuer Obele Vries: 'Nils Rudolf Århammar'. In: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden, 2024-2025, p. 33–39
Kategory:Sweedsk taalkundige Kategory:Sweedsk heechlearaar Kategory:Sweedsk publisist Kategory:Dútsk taalkundige Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Dútsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Noardfrysk Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2022