Angelina Valentine, echte namme: Alexandra Colmenares (Lexington (Kentucky), 19 septimber 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Italjaansk en Fenezolaansk etnysk komôf. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Valentine waard û.m. ferneamd om har twaris fergrutte boarsten en har tatoeaazjes. Hja hat ferskate kearen nominearre west foar in AVN Award. Yn 2009 wûn se in XRCO Award.

Libben en karriêre Valentine waard yn 1986 berne yn Lexington, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, mar brocht har jonkheid troch op in boerespultsje op it plattelân. Se genoat ûnderwiis oan roomske priveeskoallen. Se begûn har karriêre as stripper yn in klub yn har thússteat Kentucky. Dêr waard se ûntdutsen troch pornoaktrise Adriana Sage, dy't har oantrune om nei Los Angeles ta, om dêr as aktrise yn 'e pornoyndustry te wurkjen. Valentine ferfear dêrop nei Kalifornje en makke yn 2007, doe't se 21 jier wie, har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Valentine sûnt yn mear as 300 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Sin City, Adam & Eve, Red Light District, ClubJenna, Penthouse, Diabolic Video, Devil's Film, VCA Pictures en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Gina Lynn Productions, West Coast Productions, Metro, Pure Play Media en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers en Muffia.

Valentine hat ûnderwilens sân kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), en yn 2009 wûn se de XRCO Award yn 'e kategory deep throat. Njonken har aktearwurk is tige aktyf as feature dancer, en reizget se de hiele Feriene Steaten ôf by stripklubs lâns. Fierders wurket se ek as neakenmodel en hat se mei fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden stien. Valentine omskriuwt harsels as "tige biseksueel", en hâldt fan death metal-muzyk en horrorfilms.

Lichemsskaaimerken Angelina Valentine is blank, mei brune eagen en brún hier. Har etnyske eftergrûn is Italjaansk en Fenezolaansk. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 34E. Dêrfoar hat se twaris in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien.

Behalven piercings troch har earlellen hat Valentine ek in tongpiercing en in piercing troch har klitoris. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder de tekst "LA" efter har rjochterear; in Arabyske tekst tusken har skouderblêden; in topless geisha op har lofterboppe-earm; in spiraal op har lofterearmtakke; in moutatoeaazje oer har lofterûnderearm mei reade blommen op in turkwaze eftergrûn oan 'e bûtenkant en in draak oan 'e binnenkant; in roazekrâns mei de tekst "9-8-03" op 'e rêch fan har lofterhân; in lyts read hertsje oan 'e binnenkant fan har rjochterpols; in neaken fanke oer de lofterside fan har boppelichem; in flinter boppe in tribal op har ûnderrêch; en de tekst "Dios Te Bendiga Bendición" (Spaansk foar "God Seinge Dy") yn in bôge boppe har skamstreek.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2009 AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (mei August, Savannah Gold, Velicity Von en Manuel Ferrara)Oil Overloadnominearrebêste nije stjern.f.t.nominearrebêste triosekssêne (mei Tory Lane en Mark Ashley)Pretty As They Cum FAME Award nominearrefavorite froulike nijynkommelinge n.f.t. Xbiz Award nominearrenije stjer fan it jier n.f.t. XRCO Award wûnDeep Throat Award n.f.t. 2010 AVN Award nominearrebêste nije ynternetstjer n.f.t. nominearreûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t. FAME Award nominearremeast ûnderskatte stjer n.f.t. Xbiz Award nominearreartyste fan it jier n.f.t. 2011 AVN Award nominearrebêste orale sekssêneDeep Throat This 43 Xbiz Award nominearreartyste fan it jier n.f.t. 2012 AVN Award nominearreûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Angelina Valentine Angelina Valentine op Twitter Bloch fan Angelina Valentine Biografy en filmografy fan Angelina Valentine yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Angelina Valentine yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Angelina Valentine op FreeOnes Biografyske gegevens fan Angelina Valentine op Babepedia

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk blogger Kategory:Amerikaansk persoan fan Fenezolaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986