Hannes Coetzee (* 1944) is in gitarist út de Súdafrikaanske Karoo. Hy is foaral bekend fanwegen syn bysûndere technyk, nammentlik mei in leppel yn de mûle oer de snaren te striken. Dy spyltechnyk wurdt optel and knyp neamd. Coetzee waard bekend yn 2003 troch David Kramer syn dokumintêre Karoo Kitaar Blues.
Keppelings om utens Koarte biografy op de side fan David Kramer (scroll nei ûnderen)
Kategory:Súdafrikaansk muzikant Kategory:Súdafrikaansk komponist Kategory:Afrikaner persoan Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1944