Oldig Reemts Boekhoff (1861-1920) wie in Eastfrysk dûmny te Loga, dat no in stedsdiel fan Lier is. Yn 1915 sette er foar it earst it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel oer nei it Eastfrysk-Nederdútsk, ûnder de titel: Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff. Yn 1924 is dêr noch in werprintinge fan útkommen. As dûmny te Loga is Boekhoff nei syn dea opfolge wurden fan Heinrich Reimers.

Wurk Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff, Auwerk, 1915 (Dunkmann), sûnder ISBN.

Keppeling om utens Biografy Boekhoff, Oldig Reemts

Kategory:Eastfrysk predikant Kategory:Eastfrysk oersetter Kategory:Dútsk predikant Kategory:Dútsk oersetter Kategory:Bibeloersetter Kategory:Skriuwer yn it Nederdútsk Kategory:Persoan berne yn 1861 Kategory:Persoan stoarn yn 1920