Rudolf Eickemeyer junior (Yonkers, 1862 – dêre, 1932) wie in Amerikaansk fotograaf. Hy wie aktyf fan ein 19e iuw oant de iere 20er jierren; wurdt wol rekkene ta de steaming fan it pikturalisme.
Hy wie ien fan de earste Amerikanen (mei Alfred Stieglitz) dy't talitten waard by de Britske Linked Ring. Mei syn fotos hat er tsientallen prizen op útstallings oaral yn de wrâld wûn. Hy waard ferneamd mei syn portretten fan high-society froulju, benammen dy fan sjongster en model Evelyn Nesbit. Eickemeyer's ferneamdste fots sitte yn de kolleksjes fan it Smithsonian Institution.
Bibliografy In and Out of the Nursery (1900) (skreaun troch Eva Rowland, yllustrearre troch Eickemeyer) Down South (1900) The Old Farm (1901) Winter (1903) Nature and Culture (1904) (skreaun troch Hamilton Wright Mabie, yllustraasjes Eickemeyer) In the Open (1911) (skreaun troch Stanton Davis Kirkham, yllustraasjes Eickemeyer)
Galery
Evelyn Nesbit
Literatuer Nesbit, Evelyn, Prodigal Days: the Untold Story, J. Messner, Inc., 1934 The Photography of Rudolf Eickemeyer, Jr., Hudson River Museum Exhibition Catalogue, 1972
Keppelings om utens Biografy op Broadway.edu Side oer Eickemeyer Down South, E-book The travel photo’s of Rudolf Eickemeyer, E-book Photography of Rudolf Eickemeyer, E-book, 1932
Kategory:Amerikaansk fotograaf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1862 Kategory:Persoan stoarn yn 1932