Piter Wibertus Brouwer, gauris ferkoarte ta P.W. Brouwer (Snits, 24 desimber 1925 – Lânsingerlân, 28 novimber 2013)Side mei berte- en stjertegevens fan û.o. P.W. Brouwer (sykje op 'Wibertus'), wie in Frysk literêr oersetter út Rotterdam. Hy wie û.m. ferantwurdlik foar de Fryske fertalings fan Erasmus syn De Lof fan de Healwizens (2001), Utopia fan Thomas More (2002) en De Godlike Komeedzje fan Dante Alighieri (2008).

Brouwer is opgroeid yn Snits, mei it Snitsersk. Yn Hilversum hat er it skreaune Frysk yn 'e macht krigen. Hy waard learaar yn it roomsk-katolyk fuortset ûnderwiis, ûnder mear oan de kweekskoalle. Ek wie er sjoernalist foar it RK deiblêd "Ons Noorden". www.elikser.nl

Wurk 2001 – De Lof fan de Healwizens (nei Moriae Encomium, fan Desidearius Erasmus) 2002 – Utopia (nei Utopia, fan Thomas More) 2008 – De Godlike Komeedzje (nei La Divina Commedia, fan Dante Alighieri)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2013