Waterford (Iersk: Port Láirge) is in plak yn súdeast Ierlân en de haadstêd fan County Waterford. Waterford is de âldste en op fiif nei grutste stêd fan it lân.

It plak waard stichte troch de Wytsingen mids 9e iuw. It meast ferneamde produkt fan de stêd is it Kristal fan Waterford dat dêr sûnt 1783 makke wurdt. It Waterford Institute of Technology is de hegeskoalle fan de stêd.

Skiednis thumb|left|Replika Wytsingskip. Sûtn 795 plonderen de Wytsingen de kust fan Ierlân. Al gau bleaune se ek yn Ierlân te oerwinterjen yn havens dy't se longphorts neamden. Sa'n longphort waard yn 853 stifte by it hjoeddeiske Waterford. Om 902 hinne waarden de longphorts ferlitten nei't de Wytsingen troch de Ieren ferdreaun wiene. Neffens de Ierske boarnen kamen de Wytsingen om 914 hinne werom en stiften se Waterford, de earste stêd fan Ierlân.

Yn 1167 besocht Diarmaid Mac Murchada, kening fan Leinster, Waterford yn te nimmen om syn oanspraak op it keningskip fan 'e hege kening fan Ierlân krêft by te setten. Dat slagge net. Yn 1170 kaam er werom mei Richard de Clare, ek wol Strongbow neamd, en tegearre feroveren se de stêd. Dêrmei begûn de Normandyske ynfloed yn Ierlân. Yn 1171 kaam Hindrik II fan Ingelân mei in grutte float yn Waterford oan. Hy ferklearre Waterford en Dublin ta keninklike stêden, sadat se streekrjocht ûnder it Ingelske kroanbewâld foelen.

Yn 'e Midsiuwen wie Waterford nei Dublin de twadde stêd fan Ierlân. It Waterfordske Perkaminteboek, dat fan 1361 oant 1649 byholden waard, heart ta de ierste foarbylden fan it offisjele gebrûk fan it Ingelsk yn Ierlân. Yn 'e 15e iuw wist Waterford de troanpretindinten Lambert Simnel en Perkin Warbeck ôf te wizen. Dêrom joech kening Hindrik VII fan Ingelân de stêd it motto Urbs Intacta Manet Waterfordia ("Waterford bliuwt de ûnferwoastge stêd").

Waterford bleau in katolike stêd en foege him by de Ierske Konfederaasje, dy't yn opstân kaam tsjin it Britske bewâld. Dy striid waard ûnder Oliver Cromwell ûnderdrukt. Syn neef Henry Ireton ferovere Waterford yn 1650.

De 18e iuw wie in bloeitiid foar Waterford. In grut part fan 'e karakteristike histoaryske arsjitektuer fan 'e stêd datearret fan dy tiid. De hannel mei Nijfûnlân brocht grutte rykdom, en Waterford waard ien fan 'e wichtichste havens fan Ierlân. Yn 'e 19e iuw ûntwikkelen har ûnder oare de glêsyndustry en de skipsbou. thumb|left|Waterford yn 'e 19e iuw. De Ierske nasjonalist Thomas Francis Meagher ûntwurp yn 1848 de Ierske trijekleur nei in besite oan Frankryk. De flagge waard foar it earst iepenbier toand yn Waterford.

It besjen wurdich Ferskaat oan histoaryske dingen, û.o. Reginald's Tower, dy't troch de Wytsingen set waard Fairbrook House, museum foar moderne, figurative keunst mei tunen House of Waterford Crystal, kristalfabryk Waterford Museum of Treasures

Berne yn Waterford Gilbert O'Sullivan (1 desimber 1946), sjonger/lietskriuwer John O'Shea (30 april 1981), fuotballer Brian Murphy (7 maaie 1983), fuotballer

Stoarn yn Waterford Wout Muller, (24 jannewaris 2000), Nederlânsk keunstskilder

Kategory:plak yn Ierlân Kategory:Plak stifte yn 914