De echte swinen (wittenskiplike namme: Sus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan de evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan de bargen (Suidae). Ta dit skaai hearre û.m. de domestisearre baarch en dy syn foarfaar, it everswyn.

Soarten Libbene soarten Ta it skaai fan 'e echte swinen wurde anno 2024 acht libbene soarten rekkene. It dwerchswyn (Porcula salvania, foarh. 'Sus salvanius), dat der earder ek ûnder foel, is yn 2007 op basis fan nij DNA-ûndersyk yn it monotypyske skaai fan 'e dwerchswinen (Porcula) pleatst. It Fjetnameeske warteswyn (Sus bucculentus) waard earder ek as in selsstannige soarte beskôge, dy't krityk bedrige wie. Nij ûndersyk nei in plasse fan in eksimplaar dat yn 1995 yn it Annamitysk Berchtme sketten waard, brocht lykwols oan it ljocht dat dit bist gjin jildige soarte wie. Sûnt 2022 wurdt it beskôge as in wat ôfwikende populaasje fan it everswyn (Sus scrofa).

skaai echte swinen (Sus) burdswyn (Sus barbatus) everswyn (Sus scrofa) baarch (Sus scrofa domesticus) Filipynsk warteswyn (Sus philippensis) Javaansk warteswyn (Sus verrucosus) Mindoarowarteswyn (Sus oliveri) Palawanburdswyn (Sus ahoenobarbus) Selebeswarteswyn (Sus celebensis) Visayawarteswyn (Sus cebifrons)

Fossile soarten Sus australis † Sus bijiashanensis † Sus falconeri † Sus houi † Sus hysudricus † Sus jiaoshanensis † Sus liuchengensis † Sus lydekkeri † Sus offecinalis † Sus peii † Sus subtriquetra † Sus strozzi † Sus xiaozhu †

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Baarch (famylje)