thumb|Johan de Meester Johan de Meester (pseudonym fan Eliza Johannes de Meester) (Harderwyk, 6 febrewaris 1860 - Utert, 16 maaie 1931) wie in Nederlânsk skriuwer en publisist. Hy wie ûnder mear redakteur fan de Nieuwe Rotterdamsche Courant.
Wurkpaad De Meester wie as jongkeardel in skoft ferbûn oan De Amsterdammer, wol beskôge as de foarrinner fan De Nieuwe Gids. Letter gie er as korrespondint fan Het Handelsblad nei Parys, dêr't er syn earste roman skreau: Een Huwelijk. Dat wurk wie bot beynfloede troch de Frânsk-realistyske skoalle en waard troch Lodewijk van Deyssel yn De Nieuwe Gids priizge. In jier letter waard De Meester beneamd ta redakteur fan de rubryk "Letteren en kunst" fan de Nieuwe Rotterdamse Courant; dy funskje soe er de neifolgjende jierren hâlde. Earst nei de publikaasje fan syn roman Geertje waard er ferneamd; Ids Querido neamde it boek yn Het Handelsblad "een aangrijpend stuk tragiek". Yn in tal romans oppenearre De Meester him fûl tsjin it saneamde 'boargerlik fatsoen' en it farizeïsme. Dy romans wienen benammen De zonde van het deftige dorp en Gedenk te leven.Johan de Meester sr. †, yn Hepkema's Courant, 18 maaie 1931
De Meester stoar hommels by it útsprekken fan in betinkingsrede by in útstalling fan wurk fan syn âldfreon, de yn 1892 ferstoarne skilder A.G.A. van Rappard. Hy wie it lêst oerbleaune lid fan de Tachtigers.
De Meester waard beïerdige op Eik en Duinen.
De Meester en Louis Couperus By it fieren fan de 60-jierrige jierdei fan skriuwer Louis Couperus wie De Meester, neist Lodewijk van Deyssel en minister J. Th. de Visser, ien fan de sprekkers. De Meester love de ek oanwêzige boargemaster en Couperus. Hy neamde Van Deyssel de Amsterdamske man fan de jierren tachtich, lyk Couperus de Haachske man fan de jierren tachtich west hie.'Rede Johan de Meester', yn Het Vaderland, 10 juny 1923
Bibliografy 1882. Kleingoed 1890. Een huwelijk 1892. Parijsche schimmen 1899. Zeven vertellingen 1902. Deemoed 1902. Allerlei menschen 1902. Op weg naar Transvaal. Een verhaal voor meisjes 1903. Louise van Breedevoort 1905. Geertje 1907. Iets over de literatuur dezer dagen 1908. Aristocraten 1909. Lichte lijnen 1912. De zonde in het deftige dorp 1916. Carmen 1917. De kindsheid van Harlekijntje 1917. Gedenk te leven 1917. Geertje 1918. Dwaalpaadjes in den dooltuin der min 1920. Goethe's liefdeleven 1920. Vertellingen van vroeger en later 1920. Walmende lampen 1923. Van haar luister beroofd 1925. Het avontuur van David Zangvogel 1929. Eva 1930. Liefdetrouw 1935. De zonde in het deftige dorp 1950. De wijze van Dordrecht''
Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk kranteredakteur Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1860 Kategory:Persoan stoarn yn 1931