Willem Gustaaf (Willem G.) van Maanen (Kampen, 30 septimber 1920 – 17 augustus 2012) wie in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer. Yn 2004 krige er de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre.
Libben Van Maanen waard berne yn Kampen, it plak dat letter faak it dekôr foar syn romans wêze soe. Hy waard opbrocht yn in lofts-libreaal fermidden. Syn heit wie de heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde Willem van Maanen.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Van Maanen lid fan in fersetsgroep en joech er tegearre mei in freon ûnderdak oan Joaden. Skuld, mar sûnder religieuze noasje, is in wichtich tema yn syn oeuvre. Nei de oarloch waard er skriuwend sjoernalist en hat er foar de Wrâldomrop oan it wurk west.
Van Maanen debutearre as skriuwer yn 1953 mei de roman Droom is 't leven.
Van Maanen wenne syn lêste jierren yn Fryslân, yn Ie. Hy wie troud en hat trije bern. Van Maanen stoar op freed 17 augustus 2012 athenaeum: 21 augustus 2012
Typearring "Het lezen van Willem G. van Maanen is een avontuur, een dwalen in een huis met steeds weer nieuwe deuren en onvermoede kamers", wie de sjury fan de Constantijn Huygensprijs 2004 fan betinken.
De yngrediïnten wêrme't Van Maanen syn nuvere ferhalen gearstalle binne lang net frjemd: it giet om leafde en leagen, moard en jinsels te koart dwaan, oarloch en dea, seks en erotyk, mar it fernuveret jin hieltyd wer hoe't er dy temas byelkoar bringt. De leugen tsjinnet it ôftwingen fan leafde, de leafde twingt ta ferneatiging. "Het liefste wat je hebt vernietigen, alleen maar omdat het te lief is om voort te bestaan", klinkt it yn Helse steen (1970).
De yngewikkelde ferhâlding tusken wierheid en leagen kin beskôge wurde as de kearn fan Van Maanen's wurk; dat wie al sa yn syn debút yn 1953. Syn personaazjes jouwe harren oer oan leagen en bedroch, se komme net ta ynsjoch; en wa't de wierheid ûntdekt, docht dat allinne im him dêrnei wer te bedobjen. Goed fyftich jier lang hat Van Maanen dat besef stal jûn en is it him slagge lêzers te ferlieden mei romanfigueren dy't lang net ferliedlik binne. Altyd liket it dat de wierheid skreaun hat, "omdat je alleen door de oppervlakte weer te geven de diepte kunt suggereren", sa't er it sels hawwe wol. Of mei in oar sitaat: "het doel van het schrijven is het verbergen." Dat hat as resultaat in ferhoalenens, of sis mar geheimsinnigens, dy't bygelyks yn Helse steen in ferhaal opsmyt oer it taboe fan de ynsestueuze ferhâlding fan in soan mei syn mem ("Als kind wilde ik al met mijn moeder trouwen", sa begjint er de roman, "maar mijn vader zat er tussen, dus kwam het er niet van"). Dêrút blykt tagelyk de grutte ynfloed fan de psycho-analyse fan Freud yn it wurk fan Van Maanen. De minsk as tsjinstridich (bewust/ûnbewust) wêzen, ferballe út it paradys (memmeskerte), langjend om der net te wêzen, dat fol driuw ta ferneatiging, mei dreamen en bedroch.
De romans fan Van Maanen rint it nea goed yn ôf, "en zo hoort dat ook", fûn er sels.
Hoewol't Van Maanen troch in protte minsken as ien fan de grutste Nederlânske skriuwers fan de lêste desenniums beskôge wurdt, is it grutte publyk relatyf ûnkundich fan him bleaun. Van Maanen oppenearre him hast net yn it iepenbier.
Prizen 1955 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar De onrustzaaier 1962 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De dierenhater 1983 - Ferdinand Bordewijk Priis foar Het nichtje van Mozart 1998 - Charlotte Köhler-priis foar Literatuer foar Vrouw met Dobermann 2001 - Sjoerd Leikerpriis foar syn hiele oeuvre 2004 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre
Bibliografy thumb|300px|Earste druk romandebút Droom is 't leven, 1953 1953 - Droom is 't leven (debútroman) 1954 - De onrustzaaier 1956 - Al lang geleden 1960 - De dierenhater 1960 - Taal noch teken 1964 - De verspeelde munt 1966 - Een onderscheiding 1970 - Helse steen 1973 - De hagel is gesmolten 1974 - Hebt u mijn pop ook gezien? 1981 - Een eilandje van pijn 1983 - Het nichtje van Mozart 1988 - Etty 1990 - Valsheid in geschrifte, of De vrouw met de schaar 1994 - Dubbele inktpot, enkele pen 1994 - Vertelde tijd 1995 - Meneer Grönloh 1997 - Vrouw met Dobermann 2000 - Een huis van lief en leed 2006 - Heb lief en zie niet om 2010 - Bagatellen
Keppelings om utens Van Maanen yn de dbnl, mei sekundêre literatuer Radioprogramma's út it VPRO-radioargyf fan en mei Willem G. van Maanen Wiidweidich petear mei Van Maanen oer libben en wurk. NRC 30 septimber 1994, Dubbelgangers en driehoeksrelaties; Willem G. van Maanen over oorlog, seksualiteit en het gebrek aan erkenning
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2012