Lisa Ann, echte namme: Lisa Anne Corpora (Easton (Pennsylvania), 9 maaie 1972), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, en radiopresintatrise fan etnysk Italjaansk komôf. Hja hat ek wurke as pornoregisseur, pornoprodusinte, fisazjiste en ympressario. Yn it ferline hat Lisa Ann wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Zina Sunshine, Leesa en Lee Ann Vision. Se is tige súksesfol en wurdt beskôge as de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld. Sadwaande wurdt se ek wol oantsjutten as de Queen of Porn. Se sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, hold yn 1997 op, mar makke yn 2006 in comeback. Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk troch har haadrol yn 'e pornofilm Who's Nailin' Paylin?, wêryn't se de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre. Yn 2014 beëinige Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise, mar yn 2018 kearde se op 'e nij werom. Se is ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame, de XRCO Hall of Fame en de Urban X Hall of Fame.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Lisa Ann waard op 9 maaie 1972 te Easton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, berne as Lisa Anne Corpora. Hja is fan Italjaansk etnysk komôf. Lisa Ann groeide op yn har berteplak Easton. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it basketbalteam fan har skoalle en siet se teffens op 'e skyklub. Yn 1990, doe't se 18 jier wie, sette se útein mei in wurkpaad as stripper om har oplieding ta diplomearre toskedoktersassistinte te bekostjen.

Karriêre yn 'e pornoyndustry Iere jierren Yn july 1993 spile Lisa Ann mei 21 jier foar it earst yn in pornografyske film, Cinesex 2.Ynformaasje oer Cinesex 2 yn 'e Internet Movie Database (IMDb). Se wurke dêrnei fjouwer jier as pornoaktrise, yn 't earstoan noch ûnder artystenammen as Zina Sunshine en Leesa. Yn 1997 liek it der even op dat se AIDS oprûn hie. Lokkigernôch rûn dat mei in skamper ôf, mar se wie der wol sa fan skrokken dat se har pornografyske karriêre deroan joech., Interview with Lisa Ann, yn 'e Qlimax Times Online, sûnder datum (argivearre 8 maart 2008).

Dûnseresse en eigen modelleburo Yn 'e jierren dêrop toerde Lisa Ann as feature dancer yn it Amerikaanske stripklubsirkwy, wêrby't se altiten de haadattraksje fan 'e jûn wie. Se dreau yn dy tiid ek fjouwer jier lang in skientmesalon.——, Exclusive Interview: Lisa Ann, yn Rock Confidential, 6 maart 2009. Yn 2005 kearde se lykwols werom nei de pornoyndustry, diskear as aginte foar oare aktrises, fia it modelleburo L.A. Direct Models,——, Lisa Ann Becomes Agent for L.A. Direct, op AVN.com, 21 septimber 2005. dêr't se fan septimber 2005 oant febrewaris 2006 foar wurke.

Yn novimber 2006 rjochte hja in eigen modelleburo op, earst ûnder de namme Clear Talent Management, mar yn 2007 neamde se it om ta Lisa Ann's Talent Management., Lisa Ann Renames Talent Agency, op AVN.com, 1 juny 2007. Datselde jiers noch gie Lighthouse Talent Agency, it agintskip fan pornoregisseur Seymore Butts, dêryn op., Lighthouse Talent Merges with Lisa Ann's Talent Management, op AVN.com, 11 desimber 2007. Neffens Lisa Ann wie har motivaasje om in eigen ympressariaat te begjinnen dat pornoaktrises fan boppe de tritich allegeduerigen ôfwiisd waarden troch oare modelleburo's, sels al wie der troch it opkommen fan 'e milfpornografy in groeiende fraach nei harren. It wie sadwaande har bedoeling om sokke aktrises in alternatyf te bieden, om't se oars twongen wiene en fertsjintwurdigje harrensels., Lisa Ann, op Xcitement, 20 febrewaris 2010. Uteinlik waard Lisa Ann's Talent Management yn july 2010 opdoekt.——, Lisa Ann's Talent Agency Closes, yn: AVN Magazine, jg. 26, nû. 8, edysje 333, s. 72, augustus 2010.

Comeback en rol as 'Serra Paylin' Underwilens hie Lisa Ann har comeback as pornoaktrise makke nei't se troch fotografe Suze Randall frege wie om mei te wurkjen oan in pornografyske fotoshoot mei in manlik model. Dat resultearre úteinlik yn 'e film Bra Bustin’ and Deep Thrustin’,——, Suze Randall Unleashes "Bra Bustin' and Deep Thrustin'", op AVN.com, 15 augustus 2006. dy't útkaam yn febrewaris 2006. Yn 2008 spile Lisa Ann de haadrol fan Serra Paylin yn 'e film Who's Nailin' Paylin?, in produksje fan Hustler Video fan pornomagnaat Larry Flynt. Dy rol wie in parody op Sarah Palin, de Republikeinske kandidate foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten ûnder John McCain by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008. Hustler naam op 'e dei fan it fise-presidinsjeel debat kontakt mei Lisa Ann op om har foar de rol te freegjen. Lisa Ann gie doe daliks foar de tillefyzje sitten om Palin har hâlden en dragen ûnder it debat te observearjen. Dêrnjonken rette se har ek op 'e rol ta troch nei de imitaasje fan Palin te sjen troch komédiënne Tina Fey, yn it tillefyzjeprogramma Saturday Night Live.

Who's Nailin' Paylin? befettet sênes wêryn't Serra Paylin seksuële omgong hat mei aktrises dy't de froulike politisy Hillary Clinton (spile troch Nina Hartley) en Condoleezza Rice (spile troch Jada Fire) parodiëarje, en dêrnjonken mei twa Russyske soldaten., Who's Nailin' Paylin? Adventures of a Hockey MILF, op HustlerWorld.com, 1 oktober 2008. Dat lêste is in ferwizing nei in útspraak fan Palin, dy't doedestiden gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Alaska wie en op in stuit opmurk dat men út Alaska wei (fan it eilân Lyts-Diomedes ôf) by goed waar Ruslân (it Russyske eilân Ratmanov) lizzen sjen kin., Sarah Palin offered to 'keep an eye on' Russia from Alaska, yn The Independent, 12 desimber 2016. In bonussêne mei de titel Obama is Nailin' Paylin, wêryn't Serra Paylin seks hat mei in swarte akteur dy't presidint Barack Obama parodiëarret, waard frijjûn op 'e foarjûn fan ferkiezings; dizze sêne wie beskikber fia de ledewebside fan Hustler en op 'e blu-ray-útjefte fan 'e film, mar stie net op 'e dvd-útjefte., Hustler Shoots "Obama is Nailin' Paylin", op Xbiz.com, 5 novimber 2008.

Who's Nailin' Paylin? waard útbrocht op 4 novimber 2008, de dei fan 'e presidintsferkiezings, en wie fuortynienen al in grut súkses. Dêrtroch krige Lisa Ann ek foar it earst bekendheid by in breder publyk. Sa waard se útnûge foar in fraachpetear yn it bekende Amerikaanske praatprogramma Entertainment Tonight, dêr't se op 7 novimber te gast wie om 'e film te promoaten., Lisa Ann, "Who's Nailin' Paylin?" on "Entertainment Tonight", op AVN.com, 7 novimber 2008. Who's Nailin' Paylin? wie sa populêr, dat Hustler Video noch ferskate ferfolgen makke,, Sarah Palin's Porn Doppelganger Will Be in Tampa for Republican National Convention, yn de Miamia New Times, 24 july 2012. mei alle kearen Lisa Ann wer yn 'e titelrol: Letterman's Nailin' Palin (augustus 2009),Letterman's Nailin Palin DVD, op CDuniverse.com. You're Nailin' Palin (septimber 2009),You're Nailin' Palin DVD, op CDuniverse.com. Hollywood's Nailin' Palin (2010)Hollywood's Nailin Palin DVD, op CDuniverse.com. en Who's Nailin' Palin #2 (2011).Who's Nailin Palin #2 DVD, op CDuniverse.com. Dêrfan is Letterman's Nailin' Palin in ferwizing nei de iepentlike deilisskip fan Sarah Palin en talkshowpresintator David Letterman,, The Palin-Letterman Feud, yn The New York Times, 12 juny 2009. wylst Hollywood's Nailin' Palin in wink is nei de realitysearje op 'e Amerikaanske tillefyzje, wêrby't Sarah Palin en har gesin harren de hiele dei troch de kamera folgje lieten., Sarah Palin's Stars in New US Reality Television Show, op BBC.com, 15 novimber 2010. Hustler liet foar Halloween 2009 ek in masker produsearje mei de likenis fan Lisa Ann yn har rol as Serra Paylin,, Will Your Boyfriend Slap a Porny Sarah Palin Mask on You Tonight?, yn 'e Washington City Paper, 20 oktober 2009. en Lisa Ann gie as Serra Paylin op toernee by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Ek ferskynde Lisa Ann as Serra Paylin yn 'e fideoklip fan it nûmer We Made You, fan 'e ferneamde rapper Eminem, op syn album Relapse., A History of Porn Stars in Eminem Videos, yn Complex, 28 juny 2011. Dat kameoroltsje waard se foar frege op foarspraak fan Joseph Kahn, de regisseur fan 'e klip. Al dy optredens as imitator fan Sarah Palin bliezen Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise nij libben yn., The Dirty Dozen: Porn's Most Popular Stars, op CNBC, 5 jannewaris 2011. Sterker noch, it makke fan har de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld en besoarge har de bynamme Queen of Porn. Yn 2012 hie Lisa Ann neffens de siikmasine Google it 43e plak op in ranglist fan 'e 50 populêrste froulju op it ynternet. Yn april 2013 wie se, neffens de webside Pornhub en de krante de New York Post, noch altyd "de populêrste froulike pornostjer"., God Bless America: Sarah Palin Lookalike is the #1 Porn Star in the World and Other XXX Facts, yn de New York Post, 12 april 2013.

Regisseur Op oantrúnjen fan har manlike kollega C.J. Wright makke Lisa Ann yn septimber 2009 har debút as regisseur, mei de ynterrasiale pornofilm Hung XXX, in produksje fan 'e filmstudio Justin Slayer International.<ref>, Lisa Ann's Directorial Debut, Hung XXX, Streets Tuesday', op AVN.com, 21 septimber 2009.]</ref> Yn augustus 2013 begûn Lisa Ann har eigen studio, Lisa Ann Productions. Dêrfoar tekene se in kontrakt oangeande filmdistribúsje mei de gruttere studio Jules Jordan Video., Lisa Ann Makes Directorial Debut, Signs Deal with Jules Jordan Video, op Xbiz.com, 2 augustus 2013. De earste film dy't Lisa Ann Productions makke, mei Lisa Ann sels as regisseur, wie MILF Revolution'', dy't op 5 augustus 2013 útkaam.<ref>[http://business.avn.com/company-news/Lisa-Ann-Prods-Releases_MILF-Revolution-Monday-August-5-524970.html ——, Lisa Ann Prods Releases "MILF Revolution" Monday, August 5", op AVN.com, 5 augustus 2013.]</ref> Dyselde film wûn yn 2014 de AVN Award yn de kategory bêste milfproduksje.

Ophâlden as pornoaktrise en nije comeback Op 15 desimber 2014 poste Lisa Ann in hânskreaune bekendmakking op har offisjele Facebookside dat se har mei direkte yngong weromloek út 'e pornoyndustry. Koarte tiid letter liet se har boarsten ferlytsje as ûnderdiel fan 'e weromkear nei in normaal bestean. Nettsjinsteande dat hold se oan mei út en troch as webcamgirl in optreden op har webside te jaan.

Neitiid die bliken dat it ôfskie fan 'e pornoyndustry by Lisa Ann ynjûn wie trochdat se in nije karriêre begûn wie op it mêd fan fantasijsport. Yn desimber 2014 makke se buorkundich dat se no aktyf wie yn it Amerikaansk fantasijfuotbal., Porn Star Lisa Ann Gives up Adult Film Industry for Career in Fantasy Football, yn de Daily Mirror, 16 desimber 2014. Tsjin jannewaris 2016 rekke se stadichoan ek behelle yn it fantasijhonkbal. Ein 2014 sette Lisa Ann útein mei de presintaasje fan ferskate radioprogramma's op 'e Amerikaanske satellytradiostjoerder Sirius XM. Moandeitejûns presintearre se mei Adam Ronis Lisa Ann Does Fantasy, en tongersdeitemoarns fersoarge se de presintaasje fan The Morning Men.

Underwilens wie Lisa Ann ek dwaande mei it skriuwen fan har autobiografy, dy't se op 15 desimber 2015 publisearre ûnder de titel The Life. Yn jannewaris 2018 makke Lisa Ann op har Twitterpagina bekend dat se mei 45 jier fannijs in comeback makke as pornoaktrise en dat se dêrfoar in eksklusyf kontrakt tekene hie mei de filmstudio Evil Angel.