Oatmarsum (Nederlânsk en offisjeel: Ootmarsum; Twintsk: Oatmöske) is in stedsje yn Twinte (provinsje Oerisel, Nederlân). Oant 2001 foarme Oatmarsum mei in stikmannich buorskippen yn 'e omkriten de gemeente Oatmarsum. Yn 2001 is dy mei de gemeenten Denekamp en Weerselo fusearre ta de gemeente Dinkellân. Oatmarsum hat ynwenners ()Sintraal Buro Statistyk.
Skiednis Yn novimber 917 stoar Radboud, biskop fan Utert, yn Oatmarsum, neidat er ûnderweis troch Drinte siik wurden wie. Neffens de libbensbeskriuwing fan 'e biskop hie Oatmarsum doe in oratoarium.
Om it jier 1000 hinne wie Oatmarsum ien fan 'e grutste karspels fan Twinte. Yn westlike rjochting wreide de parochy him oarspronklik út oant en mei Almelo.
De tsjerke fan Oatmarsum waard yn 1195 troch Drintske hierlingen ferneatige, dy't yn opdracht fan 'e greve fan Gelre wurken. Dêrnei waard úteinset mei de bou fan in nije tsjerke, dy't lang om let de hjoeddeiske Simon-en-Judastsjerke wurde soe.
Yn 'e Midsiuwen bloeide de hannel yn Oatmarsum troch de geunstige lizzing, sawol oan in wichtige noard-súdferbining as oan 'e rûte fan West-Nederlân nei Noard-Dútslân. Om 1300 hinne krige Oatmarsum stedsrjochten. Dêrnei krige Oatmarsum eigen ferdigeningswurken, yn 'e foarm fan in dûbele rige grêften mei ierden wâlen. thumb|left|De kanonskûgel yn 'e tsjerke. Yn it ramt fan 'e Tachtichjierrige Kriich legeren de Spanjerts har yn Oatmarsum. Yn 1597 waarden se troch de legers fan prins Maurits út Oatmarsum ferdreaun, wêrnei't de festing ûntmantele waard. Ferskillende kûgels dy't by de ferovering fan 'e stêd ôfsketten waarden, kamen yn 'e grêft telâne en waarden letter weromfûn. Ien fan dy kûgels waard letter yn 'e muorre fan 'e tsjerke ynmitsele en betinkt dat belis. Ek oan 'e bûtenmuorre fan 'e Grotestraat 21 is noch sa'n kûgel te sjen.
thumb|left|Tsjerke en it Hûs Oatmarsum (1729). Súdlik fan it stedsje lei in kommanderij fan 'e Dútske Oarder. Dat waard letter de havezate Hûs Oatmarsum. Sawol de stêd as it hûs binne ferivige troch Jacob fan Ruisdael (om 1628-1682 hinne).
De opkomst fan 'e yndustry yn Twinte gyng oan Oatmarsum foarby; it bleau in stedsje dêr't de ikkerbou oerhearske. Dêrtroch stagnearre de ûntwikkeling fan Oatmarsum, mar yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw krige de toeristyske sektor dêr in ympuls.
Geografy Noardlik fan 'e (âlde) gemeentegrins leit it natuergebiet Springendal. Dit boskrike natuergebiet is 355 hektare grut.
Sipelstêd Oatmarsum wurdt ek wol sipelstêd neamd. De sipel wurdt yn oerdrachtlike sin ek as toeristyske trekpleister brûkt. Trijris it jier, yn 'e fakânsjetiid, is der in sipelmerk (siepelmarkt), dy't lju fan hein en fier oanlûkt.
Toerisme thumb|left|Oatmarsumer mûne. Sintraal yn it doarp stiet de H.H. Simon-en-Judastsjerke, in trettjinde-iuwske pseudobasilyk yn Westfaalske romanogotyk, mei in letgoatysk koer en in twadde dwersskip, boud fan Bentheimer sânstien. De tsjerke waard yn 1969 restaurearre. Oan 'e Ganzenmarkt stiet de neoklassisistyske Napoleontsjerke fan 'e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, boud yn 1810. It stedhûs fan Oatmarsum datearret foar in part út 1778. Yn it gemeentlik grien oan 'e Smithuisstraat is op 'e grûn in saneamde analemmatyske sinnewizer oanlein. Troch yn it midden te stean, fungearret men dêr sels as in sinnewizer en wurdt de krekte tiid oanwiisd. De Mûne fan Oude Hengel is in nôtmûne út 1872. It eardere kleaster Maria ad Fontes (ek wol Kleaster Ad Fontes neamd) oan 'e Oostwal/Kloosterstraat waard yn 1850 stifte troch de Susters fan Us Leaffrou fan Amersfoart en krige yn 1950, by it 100-jierrich jubileum, de namme Maria ad Fontes. In part fan Oatmarsum is in beskerme stedsgesicht. Yn Oatmarsum binne tal fan fakhûswenten te finen.
Yn Oatmarsum binne ferskate keunstgaleryen fêstige. De galeryen fan Ton Schulten en Annemiek Punt binne sûnt harren komst oan it begjin fan 'e jierren 1990 de âldste. Yn it plak binne op ferskillende lokaasjes in soad keunstwurken, wêrûnder in byld fan 'e poaskearls.
Musea Iepenloftmuseum Lös Hoes Oatmarsum Educatorium Oatmarsum, ûnderwiismuseum Museum Chronomium, sintrum foar Tiidmjitkunde Museum Ton Schulten
Eveneminten thumb|260px|Peaskekeardels. Tradisjoneel wurdt alle jierren de lêste kermis fan 'e regio yn Oatmarsum hâlden, meastentiids yn novimber. Om't de bûtentemperatuer yn dy tiid oer it algemien frij leech is, wurdt de kermis ek wol Koale Karmis (Kâlde Merke) neamd.
Yn Oatmarsum wurdt Peaske op in bysûndere wize troch de roomsk-katoliken fierd, dy't it grutste part fan 'e ynwenners útmeitsje. Op Peaskesnein meitsje de poaskearls (peaskekearels) moarns ier en middeis in omgong om 'e tsjerke en sjonge dêrby peaskelieten. Dêrnei wurde de ynwenners fan Oatmarsum útnûge om yn in lange rige, hân yn hân, troch it stedsje te rinnen, it saneamde Vlöggeln. Op Peaskemoandei wurdt dat werhelle. It binne ek de peaskekeardels dy't it tradisjonele peaskefjoer organisearje en opbouwe.
Keppelings om utens Gemeente Dinkelland
Ofbylden
Kategory:Plak yn Dinkellân Kategory:Eardere gemeente yn Oerisel