Jean-Claude Mézières (Parys, 23 septimber 1938 - 23 jannewaris 2022)[https://www.stripspeciaalzaak.be/stripnieuws/jean-claude-mezieres-83-overleden Stripnieuws: Jean-Claude Mézières (83) overleden) wie in Frânsk auteur fan tekenteltsjes. Hy is benammen bekend troch syn science-fiction striprige Ravian wêrmei't hy de opkomst fan dat sjenre yn Jeropa hiel bot stimulearre hat.
Biografy Jean-Claude mocht as bern al graach tekenje en gie op syn 15e nei de tekenakadeemje dêr't hy mei Jean Giraud en Pathemalin yn de klasse siet. Hy wie doe al hiel bot yn strips ynteresseare en tegearre mei Giraud makke hy strips dy't yn katolike blêden as 'Coeur Valliant' publisearre waard. Lykwols fertsjinne hy nei syn skoaltiid de earste tsien jier syn jild net mei it meitsje fan stripferhalen, mar wurke yn de reklame as fotograaf.
Yn Amearika krige er kunde oan Pierre Christin wêrmei't er befreone rekke. Sy besleaten in striprige te meitsjen. Goscinny, yndertiid de haadredakteur fan Kuifje, kaam mei it idee om in sience-fiction strip te begjinnen. Sa waard Ravian yn 1967 berne. Yn de earste dielen wie noch dúdlik de ynfloed fan Franquin en Herge te fernimmen; stadichoan ûntwikkele Jean-Claud syn eigen styl. Guon dielen hiene in politike boadskip.
Mézières wie yn 1996 as produksje-ûntwerper belutsen by de science fiction-film The Fifth Element.
Wurk 0 De vierde dimensie, 1986 1 Het woedende water, 1973 2 Het keizerrijk der 1000 planeten, 1973 3 Land zonder sterren, 1974 4 Het verloren volk, 1974 5 De vogels van de meester, 1975 6 De ambassadeur der schaduwen, 1976 7 De vale schepper, 1978 8 De helden van de equinox, 1979 9 Halte Châtelet, richting Cassiopeia, 1981 10 Brooklyn Station, eindpunt kosmos, 1981 11 Verschijningen op Inverloch, 1984 12 De banvloek van Hypsis, 1985 13 Aan de grenzen, 1988 14 De levende wapens, 1990 15 De sferen van de macht, 1994 16 Gijzelaars van het Ultralum, 1996 17 De wees van de sterren, 1998 18 Onzekere tijden, 2001 19 Aan de rand van het Grote Niets, 2004 20 De orde van de megalieten, 2007 21 De tijdopener, 2010
Kategory:Frânsk striptekener Kategory:Frânsk soldaat Kategory:Frânsk militêr yn de Algerynske Oarloch Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2022