thumb|Sam de WolffBoarne Joadsk Histoarysk Museum

Salomon (Sam) de Wolff (Snits, 13 augustus 1878 - Amsterdam, 24 novimber 1960) wie in ekonoom, politikus en sionist.

Hy wie in soan fan grossier yn manufaktueren Abraham de Wolff en Goudje de Vries. Hy folge it gymnasium yn Snits fan 1891 oant 1897 en studearre dêrnei yn it earstoan medisinen. Yn 1910 boaske er mei Sara Veldman. Sy krigen ien soan. Nei har ferstjerren (11 desimber 1941), belâne De Wolff yn 1943 yn Kamp Westerbork, dêr't er trochstjoerd waard nei it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Om't er lykwols as sionist op 'e saneamde "Palestina-list" stie, waard er net fermoarde, mar ynstee útwiksele tsjin Dútske kriichsfinzenen yn Palestina. Op 10 july 1944 kaam er yn Haifa oan, mar nei de oarloch gie er werom nei Nederlân, dêr't er op 31 jannewaris 1946 op 'en nij troude mei de ferpleechster Anna Maria Gruntjes. It pear krige gjin bern.

De Wolff waard in fûl sosjalist. Hy publisearre in protte- en grut ferskaat oan artikels. Hy wie ien fan de oprjochters fan 'Poale Zion' (sionistyske sosjalisten).

Publikaasjes Het economisch getij. Bijdrage tot de verklaring van het conjunctuurverschijnsel (Amsterdam, 1929). De huidige conjunctuur (Amsterdam, 1930); De crisis (Amsterdam, ); Het heldenleven en de levende leer van Karl Marx (Amsterdam, 1933); Geschiedenis der joden in Nederland. Laatste bedrijf (Amsterdam, 1946).

Literatuer J. van der Wijk, Inleiding, yn Strijdenskracht door wetensmacht. Opstellen oanbean oan S. de Wolff by gelegenheid fan syn 60e jierdei (Amsterdam, 1938); F. Kiel, Sam de Wolff uniek socialist, yn De Groene Amsterdammer, 9-8-1958; 3-12-1960; W. Drees, yn Socialisme en democratie 18 (1961) 530-533; C.H. Wiedijk, Sam de Wolff en het ontstaan van het Sociaal-Democratisch Centrum in de Partij van de Arbeid (Haarlim, 1971); M. van Amerongen, Bij Marx, mijn profetie zal vóór 21 juni in vervulling gaan! Het leven van Sam de Wolff..., yn Vrij Nederland, 9-9-1978; M. van Amerongen, 'Linkervleugel... Het leven van Sam de Wolff, yn Vrij Nederland, 16-9-1978; B. van Tijn, 'De Wolff- profeet van betere tijden', yn Het Parool, 8-5-1980.

Kategory:Frysk ekonoom Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Sionist Kategory:Holokaustoerlibbene Kategory:Oerlibbene fan Bergen-Belsen Kategory:Frysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1878 Kategory:Persoan stoarn yn 1960