thumb|Hindrik fan Nassau, portret fan Wybrand de Geest Greve Hindrik fan Nassau (Slot Dillenburg, 15 oktober 1550 — Mook, 14 april 1574) wie de jongste broer fan Willem fan Oranje.

Ut syn libben Hindrik wie it tolfde en lêste bern fan Willem de Rike en grevinne Juliana fan Stolberg.

Hy studearre fan syn 14e ôf yn Leuven ûnder tafersjoch fan syn âldste broer Willem. Nei in stúdzje yn Straatsburg naam er tsjinst yn it leger fan de Frânske Hugenoaten laat fan Gaspard de Coligny, heit fan Louise de Coligny, wêrmei't er meidie oan de Slach fan Montcontour op 3 oktober 1569.

Al yn 1572 die Hindrik mei oan Willem syn twadde ynfaazje yn de Nederlannen. Meidat dy mislearre gie er werom nei Dillenburg om dêr yn nije fjildtocht mei ta te rieden. Yn 1574 luts Hindrik mei de Frânske en Dútske legers nei Leien; op de Mookerheide waarden sy lykwols opkeard troch Spaanske troepen. Yn de Slach op de Mookerheide sneuvele er (tegearre mei syn broer Loadewyk). Harren lichems waarden nea weromfûn.

Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk opstanneling Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Hûs Nassau-Dillenburg Kategory:Persoan berne yn 1550 Kategory:Persoan stoarn yn 1574