It Olympysk Stadion (Ingelsk: Olympic Stadium) yn Londen is it plak dêr't de iepenings- en slutingsseremoanje fan de Olympyske Simmerspullen 2012 holden waard. Dêrneist waard it stadion by dy Olympyske Spullen ek brûkt foar ferskate atletyk ûnderdielen. By de Olympyske Spullen fan 2012 hie it stadion 80.000 sitplakken. Dêrmei wie it Olympysk Stadion fan Londen, nei it Wembley Stadion en it Twickenham-stadion, it tredgrutste stadion fan it Feriene Keninkryk en Londen.
Keppeling om utens
Olympysk Stadion op de hiemside fan london2012.com
Kategory:Bouwurk yn Londen Kategory:Sportstadion yn Ingelân Kategory:Fuotbalstadion yn Ingelân Kategory:Bouwurk út 2011