Sir Age Piters WijnaldaGenealogie Online oer Wijnalda (Dokkum, 17 oktober 1712 - Haarlim, 19 oktober 1792) wie in Nederlânsk mennistysk learaar, predikantôfbyld mei koarte beskriuwing en ien fan de earste leden fan it Teylers Earste Genoatskip fan 1778 oant sy dea. Hy wie de stichter fan de "Doopsgezinde Schaar" (in dopersk ynstitút).A.J. van der Aa et al. (1877), Biographisch Woordenboek der Nederlanden Part XX, s.475 Ien soan fan him dy't by namme bekend is wie IJnze Wijnalda (1736-1820).

Age Wijnalda wie de twadde soan fan Piter Harmens en waard riddere troch de Kening fan Grut-Brittanje (yn it Herrenhausen-paleis, Hannover)Boarnen ferskille oer hokker kening: William II of George II foar syn fertsjinsten foar de kroan - wierskynlik fanwege drystens yn in fjildslach, meidat der in helm yn syn wapen sit. Hy studearre oan it Remonstrante seminarium fan Amsterdam en stie dêrnei earst yn Emden 1733-1736 eardat er nei Haarlim ferfarre.Agge Wynalda yn Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk anabaptist Kategory:Lid fan Teylers Earste Genoatskip Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1712 Kategory:Persoan stoarn yn 1792