thumb|right|260px|Jasser Arafat (2002) Jasser Arafat (Arabysk: ياسر عرفات Yāsir `Arafāt) (Kaïro, 24 augustus 1929 – Clamart (Frankryk), 11 novimber 2004), folle namme Mohammed Abdel Rahman Abdel Raouf Arafat al-Qudwa al-Husseini (Arabysk: محمد ياسر عبد الرحمن عبد الرؤوف عرفات القدوة الحسيني, Muḥammad Yāsir ʿAbd al-Raḥmān ʻAbd al-Raʼūf ʿArafāt al-Qudwa al-Ḥusaynī) wie in Palestynsk strider en politikus, en tegearre mei Yitzchak Rabin en Shimon Peres yn 1994 winner fan de Nobelpriis foar de Frede. Hy wie oant-en-mei syn dea presidint fan de Palestynske Autoriteit en foaroanman fan sawol it Front foar de Befrijing fan Palestina (PLO) as de foarnaamste fraksje Al Fatah. Ideologysk wie er in Arabyske nasjonalist en sosjalist. Troch oanslaggen dêr't boargers as slachtoffers by deade waarden (û.o. by de Olympyske Spullen yn München fan 1972), wurdt er as in terrorist beskôge.
Namme Arafat syn folle namme wie Mohammed Abdel Rahman Abdel Raouf Arafat al-Qudwa al-Husseini. Mohammed Abdel Rahman wie syn foarnamme, Abdel Raouf wie syn heit syn namme en Arafat wie syn pake syn namme. Al-Qudwa wie de namme fan syn stamme en al-Husseini wie de namme fan de clan dêr't de al-Qudwas by hearden. De clan al-Husseini hie syn basis yn Gaza en is net besibbe oan de ferneamde clan fan al-Husayni út Jeruzalim.
Yn Egypte wurdt ornaris yn de namme bygelyks Mohammed of Ahmed net brûkt, lykas Anwar Sadat en Hosni Mûbarak dat ek diene. Om't Arafat yn Kairo tein wie, liet er Abdel Rahman en Abdel Raouf ek falle en naam yn de 1950-er jierren de namme Jasser oan. Yn de iere jierren fan syn guerilla-karriêre brûkte er de bynamme Abu Ammar. Beide nammen binne besibbe oan Ammar ibn Yasir, ien fan Mohammed syn earste selskipsmannen. Alhoewol't er syn nammen falle liet, hold er de namme Arafat, om't dy yn de islam in betsjutting hat.
Libbensrin Jonkheid en oplieding Arafat waard berne yn Kairo yn Egypte as ien nei jongste fan sân bern. Hy en syn jongere broer Fathi wiene de iennichsten fan de bern dy't yn Kairo berne waarden. Syn heit, Abdel Raouf al-Qudwa al-Husseini, wie in Palestyn fan Gaza-stêd. Arafat syn beppe oan heitekant wie in Egyptyske. Syn heit ferfear nei Egypte om't er dêr lân dy't de famylje yn besit hie, as erfgenamt bemachtigje woe. It slagge him lykwols net. Hy wurke as tekstylhanneler yn it Sakani-distrikt yn Kairo. Arafat syn mem, Zahwa Abul Saud, kaam fan Jeruzalim. Hja ferstoar yn 1933 oan nierproblemen doe't Arafat fjouwer jier âld wie. Syn heit koe it net beneikomme om syn bern allinnich grut te bringen en stjoerde se nei Arafat syn omke oan memmekant yn Jeruzalim. Yn 1937 hjitte syn heit de bern werom om se troch harren âldere suster Iman fersoargje te litten. Yn 1944 gie er nei de Universiteit fan Kening Fuad I dêr't er yn 1950 fan slagge. Hy moete dêre Joaden en begûn mei harren diskusjes oan te gean. Hy woe de Joadske mentaliteit leare. Hy lies publikaasjes fan Theodor Herzl en oare promininte Sionisten. Hy gie sels nei de Joadske wyk yn Kairo en wenje religieuze tsjinsten by. Doe't syn heit dat útfûn, waard er poerrazend en sloech er Arafat swier. Arafat syn relaasje mei syn heit begûn dêrnei tige min te wurden, dat er sels net, nei't syn heit ferstoar yn 1952, op syn begraffenis kaam. Underwilens yn syn stúdzjetiid waard er yn 1946 in Arabyske nasjonalist en begûn er sels mei te helpen wapens te smokkeljen nei it Britske Mandaatgebiet Palestina. Yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 gie Arafat mei oare Arabieren fan de univeriteit ôf en focht er mei de moslimbruorskip yn Gaza om de Arabieren yn Palestina te stypjen. Yn 1949 rekke de kriich yn it foardiel fan Israel en gie er werom nei Kairo. Hy gie werom nei de universiteit en studearje dêre sivile boukunde en tsjinne fan 1952 oant 1956 as foarsitter fan de Palestynske studinteklup.
Fatah Doe't de Suez-krisis útbruts waard er oproppen mei it Egyptyske leger te fjochtsjen. Hy die lykwols nea oan de fjochterijen mei. Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser joech de yntervinsjemacht fan de Feriene Naasjes tastimming harren op it Sinaï-skiereilân en de Gazastripe op te hâlden. Dêrfoar moasten alle guerilla- en fedajin-krêften wike, mei Arafat ynbegrepen. Arafat besocht dêrnei in fisum nei Kanada en letter nei Saûdy-Araabje te bemachtigjen, mar slagge beide net. Yn 1957 frege er foar in fisum nei Kûweit, doe in Britsk protektoraat, dêr't er al tastimming foar krige omreden syn wurk yn de sivile boukunde. Dêr moete er syn twa Palestynske freonen: Salah Khalaf ("Abu Iyad') en Khalil al-Wazir ("Abu Jihad'), dy't beide ek lid fan de Egyptyske moslimbruorskip wiene. Arafat learde Abu Iyad op de universiteit kennen en Abu Jihad yn Gaza. Hja soene letter Arafat syn wichtichste assistinten wurde. Arafat moete dêr oare Palestynske flechtlingen, guon dy't er al koe fan de universiteit fan Kairo, en ûntwikkele freonskippen mei harren. Yn 1959 rjochte er mei syn freonen in groep op dy't bekend waard as Fatah. FaTaH is in omkearde ôfkoarting fan de Arabyske namme Harakat al-Tahrir al-Watani al-Filastini, itjinge "de Palestynske Nasjonale Befrijingsbeweging" betsjut. "Fatah" is in wurd dat by de islamityske ekspânsje yn de achtste iuw brûkt waard en betsjut "oerwinning". Fatah hold him dwaande mei de befrijing fan Palestina en, ta tsjinstelling fan oare Palestynske befrijingsorganisaasjes, besochten net gear te wurkjen mei of ek mar donaasjes te freegjen fan oare Arabyske regearings yn dy tiid omreden net ôfhinklik fan harren te wurden. Hy frege help fan oare, benammen rike Palestinen yn Kûweit en oare Arabyske Golfsteaten, lykas Katar dêr't er yn 1961 Machmûd Abbas moete. Ek yn Syrje en Lybje socht er help fan oare Palestinen.
Yn 1962 ferfearen Arafat en syn maten nei Syrje om út dat lân wei Israel te ynfiltrearjen. Fatah hie doe noch amper bewpane striders en Arafat bea leden fan it Palestynske Befrijingsleger, de milysje-earm fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO), dy't yn 1964 troch de Arabyske Liga oprjochte waard, in heger salaris oan. Dêrtroch ûntstie der in skeel tusken de Palestynske organisaasjes dy't der ta late dat Palestynsk-Syryske legerofsier Yusef Urabi dêr by om it libben kaam. De Syryske minister fan definsje, Havez al-Assad, in goede freon fan Urabi, liet Arafat arrestearje. Arafat waard troch in sjuery fan trije manlju ta dea feroardield mar waard troch presidint Salah Jadid gau dêrnei frijlitten. Dat foarfal hie gefolgen foar de relaasje tusken Arafat en Assad, dy't letter presidint fan Syrje wurde soe.
Lieder fan de Palestinen thumb|Arafat by in parsekonferinsje yn Jordaanje yn 1970 De Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) waard yn 1964 troch de Egyptyske presidint Nasser op de top fan de Arabyske Liga oprjochte, mei as doel Palestina te befrijen. De PLO bestie ynearsten út benammen net-Palestynske Arabieren. Fierders wiene der noch in soad oare Palestynske splintergroepen dy't troch ferskate Arabyske oerheden stipe waarden. Fatah hold himsels ta yn Jordaanje, dêr't harren milysjegroepen oanfallen op Israel ûndernamen. Nasser wie ek út op in konfrontaasje mei Israel, dat sadwaande bruts de Seisdagekriich yn 1967 tusken Israel en syn Arabyske buorlannen út. De Arabieren lutsen oan it koartste ein en Israel besette it Westjordaanlân fan Jordaanje, de Golanhichte fan Syrje, de Gazastripe en it Sinaï-skiereilân fan Egypte. Dêrnei brokkele de stipe fan dy Arabyske lannen oan de ferskate Palestynske organisaasjes ôf. Fatah koe hinmsels oerein hâlde en in soad Palestinen en oare Arabieren fan de oare organisaasjes sletten harren by Fatah en syn milysjes oan. Arafat waard yn 1967 lid fan de PLO en Fatah kaam mei 33 fan de 105 sitten yn it útfierend kommitee fan de PLO. Fatah bleau oanfallen op Israel út Jordaanje wei organisearjen. Israel foel as andert dêrop de Palestynske kampen by Karameh oan en doe bruts de Slach by Karameh op 21 maart 1968 út. De Palestinen waarden stipe troch it Jordaanske leger. Beide kanten ferklearren de oerwinning, dochs de ferliezen fan Israelyske kant wiene lykwols grut. Nei dy slach die bliken dat Arafat in tsjinstanner fan formaat tsjin Israel wie. Yn 1969 waard er de foarsitter fan de PLO.
Konfrontaasje mei Jordaanje thumb|Egyptyske presidint Gamel Abdel Nasser besiket te bemiddeljen tusken Arafat en de Jordaanske kening Hûssein by de Swarte Septimber-konflikten Oan de ein fan de 1960-er jierren rûnen de spanningen op tusken de Palestinen en it Jordaanske regear. Swier bewapene Palestynske eleminten foarmen suver in "steat yn in steat" yn Jordaanje, dêr't se de kontrôle oer ferskate strategyske posysjes hiene. Fatah en oare Palestynske milysjes namen nei de Slach by Karameh kontrôle oer it boargerlik libben yn parten fan Jordaanje, lykas it opsetten fan dykfersperrings, de plysje delbêdzje en yllegale belestings heffe. Arafat bemuoide him der net mei en liet it mar gewurde. Dat noaske kening Hûssein fan Jordaanje net. Hy besocht yn septimber 1970 de milysjes te ûntwapenjen en dêr ûntstie in striid tusken harren en it Jordaanske leger, dat suver in wiere kriich waard. Arafat woe doe it regear fan kening Hûssein omsmite. Dat barren kaam bekend te stean as Swarte Septimber. Egyptyske presidint Nasser besocht te bemiddeljen en noege Arafat en Hûssein út. Nasser kaam in pear oeren nei de petearen hommels oan in hertoanfal te ferstjerren. De ûnderhannelings mislearren en de strideraasjes giene fierder. Kening Hûssein koe de Palestinen yn 1971 út Jordaanje fuortjeie. Se besochten earst nei Syrje te flechtsjen, mar Syrje wegere harren ta te litten, omreden de minne ferhâlding tusken Havez al-Assad, dy't ûnderwilens presidint wurden wie, en Arafat. Arafat en de PLO setten harren nije haadketier op yn de Libaneeske haadstêd Beirût.
Terrorisme thumb|Arafat foar de Brandenburger Tor by in besite oan East-Dútslân yn 1971 Milysjes fan de PLO, it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP) kaapten op 15 septimber 1970 fjouwer fleantugen, dêr't se trije fan lânje lieten op Dawson's Field 50 km eastlik fan Amman. Nei't de gizelers út de fleantugen helle waarden, waarden de fleantugen opblaasd. De PFLP die yn dy snuorje ek in oanslach op de lofthaven fan Atene.
Yn 1972 fierde de milysjegroep fan Fatah, de Swarte Septimber yn 'e mande mei it Japanske Reade Leger in oanslach út op Lofthaven Ben Gurion yn Tel Aviv. Dyselde tiid kaapte PFLP Sabena fljocht 572 nei Wenen en twong er te lânjen op Lofthaven Ben Gurion. Op de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München gizele en fermoarde Swarte Septimber op 5 septimber 11 Israelyske atleten. Op 1 maart 1973 waard de Saûdyske ambassade yn de Sûdaneeske haadstêd Kartûm troch Swarte Septimber oanfallen en 10 diplomaten waarden gizele.
Arafat waard troch Israel en de Feriene Steaten der fan fertocht efter de oanslaggen te sitten of alteast der fan ôf te witten, itjinge hy ûntkende. Alle terreuroanslaggen waarden wrâldwiid feroardiele. Ek ferskate Arabyske regearings trúnden Arafat oan de oanslaggen te feroardieljen. Arafat liet Swarte Septimber yn 1974 ûntbine en hjitte de PLO mei alle terreurhannelings bûten Israel en de besette Palestynske gebieten op te hâlden. Leden fan Swarte Septimber en de PFLP brutsen fan Fatah en de PLO en foarmen harren eigen organisaasje Ofwizend Front.
Yn Libanon thumb|left|Arafat yn in moeting mei de Iraanske premier Mehdi Bazargan, in pear dagen nei de Iraanske revolúsje thumb|100px|Arafat yn in Libaneeske flechtlingekamp yn 1978