Dag Hjalmar Agne Carl Hammarskjöld (Jönköping, 29 july 1905 - Ndola, Sambia, 18 septimber 1961) wie in Sweedsk diplomaat. Dag Hammarskjöld wie sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes fan 10 april 1953 oant 18 septimber 1961, doe't hy stoar as gefolch fan in fleantúchûngemak ûnder syn fredesmissy yn Kongo. Hammarskjöld krige yn 1961 postúm de Nobelpriis foar de Frede.
Markstiennen Yn 1963, nei syn dea, ferskine fan Dag syn hân "Vägmärken", in bondel mystike, tige persoanlike deiboekfragminten, in soartemint testamint, mei aforismen en haiku's, dêr't hy al sûnt syn jeugd oan wurke hie. Hammarskjöld folge dêryn syn eigen iensume, djip en frijsinnige paad dat rûn lâns psalmteksten en Friedrich Nietzsche, fan it evangeelje nei Meister Eckhart, Sweedske dichters oant Hermann Hesse.
Oer Hammarskjöld In Frysktalige biografy fan Hammarskjöld is skreaun troch Jelle Hendriks Brouwer: Dag Hammarskjöld : strider foar frede, De Terp Ljouwert 1975.
Keppeling om utens Biography Dag Hammarskjöld Site ONU Dag Hammarskjöld Dag Hammarskjöld Library Kofi Annan, Dag Hammarskjöld and the 21th century, The Fourth Dag Hammarskjöld Lecture 6 september 2001, Uppsala university (pdf)
Kategory:Sweedsk ekonoom Kategory:Sweedsk diplomaat Kategory:Sweedsk politikus Kategory:Sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes Kategory:Sweedsk publisist Kategory:Mystikus Kategory:Sweedske adel Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Frede Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fleantúchûngemak Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1961