thumb|200px|It Holderhûs oan de Hoogstrjitte 22 yn Harns anno 2011 It Holderhûs (= lyts hûs) oan de Hoogstrjitte 22 is in monumintaal pân yn de stêd Harns.

Skiednis thumb|150px|left|Oeil de boeuf yn de geveltop fan Hoogstrjitte 22 It hûs op de hoeke fan de Hoogstrjitte en it Hearewâltsje is in heech en ûndjip pân. Boppe de twa boulagen sitte in souder en in fliering. It gebou komt út de santjinde iuw. It pân hat in sealdak tusken twa ienfâldige topgevels. Yn de top fan de foargevel sit in aairûn oeil de boeuf. De ramen op de earste en de twadde ferdjipping hawwe ferdjippe bôgetrommels mei ûntlêstingsbôgen. Foar de yngong oan de Hoogstrjitte sit in stoepe mei trije treden en in stek. Oan it Hearewâltsje is in aparte yngong nei it sûterrên. It pân is erkend as ryksmonumint. It waard kocht troch de Hein Buisman Stichting, dy't it hûs yn 1986 restaurearje liet.

Kategory:Bouwurk yn Harns Kategory:Hûs yn Harns (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Ryksmonumint yn Harns (gemeente)