Doke Schmidt (It Hearrenfean, 7 april 1992) is in Nederlânsk fuotballer dy’t meast as ferdigener spilet. Hy debutearre yn it 2011-2012 yn de Earedifyzje by SK It Hearrenfean.

Karriêre Doke Schmidt begûn mei it fuotbaljen by Fuotbalferiening Heerenveense Boys en gie yn 2003 nei de fuotbalskoalle fan SK It Hearrenfean. By de profclub trochrûn hy alle jeugdalvetallen. Yn it seizoen 2010/2011 starte er yn de A1, mar yn de winterstop waard er trochskood nei de beloften.

Yn de tarieding op it seizoen 2011/2012 waard Schmidt mei twa oare beloften belutsen by it earste alvetal. Nei twa wiken hienen de talinten wer oanslute sillen by Jong SK It Hearrenfean. Mar haadtrener Ron Jans hâlde Schmidt langer by it flaggeskip. Dit resultearre ûnder oaren yn it profdebút fan Schmidt, yn de kompetysjewedstriid tsjin N.E.C., dêr’t er yn de njoggentichste minút Filip Đuričić ferfong. De wedstriid dêrnei makke Schmidt tsjin Ajax syn basisdebút fanwegen in blessuere fan Daryl Janmaat. Yn de útwedstriid tsjin Feyenoord kaam Schmidt de definsje te fersterkjen nei de gielreade kaart fan Ramon Zomer. De ynfalbeurt duorre net lang, meidat er nei fjouwer minuten wer ynrukke mocht nei in grouwélige oanslach op in tsjinstanner. Dit kaam him op in ûntsetting fan fjouwer wedstriden te stean, ien dêrfan mei betingsten.

It Hearrenfean ferhierde him yn it seizoen 2013/14 oan Go Ahead Eagles, dêr't er dat jiers syn earste doelpunt yn de Earedifyzje makke. Nei't er weromkaam by It Hearrenfean, spile er yn 2014/15 yn 22 kompetysjewedstriden foar de klup. op 4 april 2015 krige er út by NAC Breda in blessuere oan 'e ankel, dêr't er foar it gânse seizoen 2015/15 net troch spylje koe.

Fan 2019 ôf spilet er by SC Cambuur.

Karriêrestatistiken Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje 2011/12 SK It Hearrenfean 1 0 Earedifyzje 2012/13 SK It Hearrenfean 17 0 Earedifyzje 2013/14 Go Ahead Eagles 27 2 Earedifyzje 2014/15 SK It Hearrenfean 22 0 Earedifyzje 2015/16 SK It Hearrenfean 0 0 Earedifyzje 2016/17 SK It Hearrenfean 13 1 Earedifyzje 2017/18 SK It Hearrenfean 14 0 Earedifyzje 2018/19 SK It Hearrenfean 13 0 Earedifyzje 2019/20 SC Cambuur 15 0 Earedifyzje 2020/21 SC Cambuur 37 0 Earedifyzje 2021/22 SC Cambuur 30 0 EaredifyzjeTotaal 5 0

Keppelings om utens Profyl en statistiken fan Doke Schmidt op vi.nl Profyl en statistiken fan Doke Schmidt op transfermarkt.nl

Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1992