Gerlof Auke Bontekoe (Hurdegaryp, 21 febrewaris 1900 - Easterwâlde, 22 septimber 1988) wie in Nederlânsk boargemaster en heraldikus fan Frysk komôf.Encyclopedie Drenthe Online - Bontekoe, Gerlof Auke

Biografy Bontekoe studearre rjochten yn Leien. Hy wurke dêrnei op de gemeentesekretary yn Wymbritsersdiel en Snits. Yn 1927 waard er boargemaster fan Sleen en yn 1938 yn Eaststellingwerf. Hy bleau dêr oant syn pinsjoen yn 1965.

Bontekoe wie belutsen by it tastân kommen fan in betinkingsstien as oantinken oan de yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen Frânske parasjutisten en krige dêrfoar fan Frankryk in sulveren earemedalje (1958). Hy wie ek Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1965). Yn 1966 krige er de Kulturele priis fan Drinte. Bontekoe en syn frou ferstoaren mar ien oere nei elkoar.Jong, P.K. de (1988), "Oud-burgemeesterspaar van Ooststellingwerf overleden" yn Leeuwarder Courant, 23 septimber 1988 Se waarden begroeven yn Langedike. Syn opfolger as boargemaster fan Eaststellingwerf, Tieme Oosterwijk waard njonken him begroeven.

Untwerper fan wapens Doe't er boargemaster fan Sleen waard, hie dy gemeente noch gjin gemeentewapen, dêrom ûntwurp Bontekoe der ien. Dêrnei ûntwurp hy ek wapens foar 25 oare Drintske gemeentes en de flagge fan Drinte. Yn 1979 waard er yn it provinsjehûs yn Assen huldige, omdat er syn 150e oerheidswapen (dat fan de gemeente Buren) ûntwurpen hie.

Bontekoe hat ûnder oaren de wapens ûntwurpen foar Anloo, Almeare, Beilen, Borger, Coevorden, Dalen, Diever, Drinte, Dronten, Eelde, Emmen, Feandam, Fledder, Gasselte, Hensbroek, Lelystêd, Nijeveen, Noarch, Noardeastpolder, Odoorn, Oosterhesselen, Ruinen, Ruinerwold, Schoonebeek, Sleen, Smilde, Stienwyk, Stein, Súdlaren, Vries, Westerbork, De Wijk, Zuidwolde en Zweeloo.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Eaststellingwerf

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Eaststellingwerf Kategory:Frysk heraldikus Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk heraldikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Hurdegaryp Kategory:Persoan stoarn yn Easterwâlde Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1988