Hendrik (Henk) Kersken (Bergen op Zoom, 6 jannewaris 1880 - Harns, 3 desimber 1967) wie in Nederlânsk siler.

Hy hearde by it team dat op de Olympyske Simmerspullen yn 1928 in sulveren medalje wûn yn de 8 meter klasse. Neist Kersken bestie it team yn de boat Hollandia út Johannes van Hoolwerff, Gerard de Vries Lentsch, Maarten de Wit, Cornelis van Staveren en Lambertus Doedes.

Hendrik Kersken ferstoar op 3 desimber 1967, yn 'e âldens fan 87 jier.

Kategory:Nederlânsk siler Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1880 Kategory:Persoan stoarn yn 1967