thumb|Passer en Winkelheak, it logo fan de Frijmitselderij

De frijmitselerij of maçonnerie is in genoatskip fan minsken dy't stribje nei geastlike en morele ferheffing, ûnderlinge wurdearring en help fan wjerskanten.De Boer, W. Th. & de Smit, M.P. (red), Ster Woordenboek Nederlands, Utert-Antwerpen, Van Dale, 2001 De leden wurde frijmitselers of (franc-)maçons neamd.Grote Winkler Prins, sânde printinge, 1974 It hat as doel de mins himsels kennen te learen en te bewegen him foar in bettere mienskip yn te setten. De frijmitselder leart himsels stap foar stap kennen, troch nei te tinken, mei oaren te redendielen en rituelen te ûndergean dy 't dy ynderlike groei oanjouwe. De earste grutlôzje waard foarme om 1717 yn Londen, wêrmei't de frijmitselderij him organisearre yn de foarm sa't dy hjoed de dei bestiet. Yn Fryslân wurdt it wurd lôzje as synonym foar frijmitselderij brûkt. De besletten gearkomsten wienen oarspronklik allinnich tagonklik foar manlju, mar der besteane tsjintwurdich ek mingde en eksklusyf froulike lôzjes mar dy lêste beide wurde net "offisjeel" erkend.

Fryske lôzjes Ljouwert : Fiat Lux (ek foar froulju) Ljouwert: De Friesche Trouw Ljouwert: Het Azuren Gewelf Snits : Concordia ad Libertatem Snits: Concordia Res Parvae Crescunt Harns : Deugd en IJver Drachten : Industria Hoarnstersweach : Ken U Zelven

Literatuer Andries Van den Abeele, De kinderen van Hiram, vrijmetselaars en vrijmetselarij, Roularta Books, 408 siden, 2011. Domenico V. Ripa Montesano, Vademecum di Loggia, Edizione Gran Loggia Phoenix-Roma Italia 2009 ISBN 978-88-905059-0-4

Kategory:Frijmitselderij