thumb|Kapel fan Haskerdiken De Kapel fan Haskerdiken is in tsjerkegebou oan de Kapellewei yn Haskerdiken.

De sealtsjerke út 1818 waard boud op it plak fan in midsiuwske kleasterkapel (bekend troch Sillige Dodo). De tsjerke stiet tusken de Rykswei 32 en de Hearresleat en aan de pylgersrûte Jabikspaad. De tsjerke hat in trijesidich sluten koar, rûnbôgefinsters en in geveltoer mei ynsnoerde spits. Boppe de yngong sit in gevelstien út 1818: Christo SacrumAnno MDCCCXVIII mense april Irestauratum est hoc templumFerdinando Adriano van Boelensbonorum dominialium Quaestoris munere in FrisiaGroning et Drenthiafuncente.

Yn juny 2012 is de tsjerke troch de protestantske gemeente It Hearrenfean oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt brûkt as atelier en der wurde rou- en troutsjinsten, konserten en earetsjinsten holden.

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Haskerdiken Kategory:Tsjerkegebou yn Skarsterlân Kategory:Tsjerkegebou yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Skarsterlân Kategory:Ryksmonumint yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1818