thumb|Tineke Postma Tineke Postma (It Hearrenfean, 1978) is in Nederlânsk saksofoniste en komponiste yn de jazz. Se spilet postbop, op altsaksofoan, sopraansaksofoan en somtiids ek tenoarsaksofoan.

Biografy Tineke wie alve jier doe't sy mei saksofoanspyljen útein sette. Sy studearre oan it Konservatoarium fan Amsterdam yn it tiidrek 1996-2003, dêr't se cum laude in Masters Diploma helle. Sûnt 2005 is Postma as dosint ferbûn oan it konservatoarium. Sy folge in mastersoplieding oan de Manhattan School of Music yn New York yn 2002. Postma studearre by David Liebman, Dick Oatts en Chris Potter. Sy krige twa beurzen foar dy stúdzje.

Postma arbeide op mei Terri Lyne Carrington op it album The Mosaic Project yn 2011.Carrington, Terri Lyne The Mosaic Project; Concord Jazz, 2011

Yn 2015 wûn se de Boy Edgarpriis.Boy Edgarprijs

Diskografy 2003 - First Avenue. De cd is yn it lêste jier fan de konservatoariumstúdzje útkaam. 2005 - For the Rhythm feat. Terri Lyne Carrington ; de cd stie trije wiken yn de top 20 fan de Amerikaanske radio Jazz Week Charts, 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat. 2005 - DVD Live in Amsterdam (Tineke Postma Quintet, Amsterdam) 2007 - A Journey That Matters feat. Terri Lyne Carrington; 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat, Evening Standard, Rolling Stone, de Volkskrant. 2009 - The Traveller 2011 - The Dawn of Light 2014 - Sonic Halo, mei Greg Osby, Challenge Records 2020 - Freya, Edition Records

Keppeling om utens Offisjele webside

Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk saksofonist Kategory:Frysk jazzartyst Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk saksofonist Kategory:Nederlânsk jazzartyst Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1978