thumb|Samuel Taylor Coleridge (1795) Samuel Taylor Coleridge (Ottery St Mary, Devonshire, 21 oktober 1772 – Highgate, Londen, 25 july 1834) wie in Ingelsk Romantysk dichter, literêr kritikus en filosoof, dy't mei syn freon William Wordsworth de Romantyske beweging yn Ingelân stifte. Hy wurdt rekkene ta de saneamde Lake Poets en is faaks it meast ferneamd fan de gedichten The Rime of the Ancient Mariner en Kubla Khan, en syn grutte proazawurk Biographia Literaria. Syn kritiken, benammen oer William Shakespeare, hiene in soad ynfloed, en hat sines dien by de yntroduksje fan de Dútske idealistyske filosofy yn de Ingelsktalige kultuer. Hy hie ek grutte ynfloed, fia Emerson, op it Amerikaansk transendintalisme.
Goleridge hie syn hiele folkwoeksen libben lang te lijen fan oanfallen fan eanst en depresje; der wurdt wol tocht dat hy in bipolêre steuring hie, in syktebyld dat doetiids noch net beskreaun wie.Jamison, Kay Redfield. Touched with Fire: Manic-Depressive Illness and the Artistic Temperament. Free Press (1994.), 219–224. Coleridge syn minne sûnens soe ûntstien wêze kinne út in oanfal fan reumatyske koarts en oare oandwanings út syn bernetiid. Hy waard behannele mei laudanum, wat laat hat ta in libbenlange opiumferslaving.
Wurk The Fall of Robespierre, 1794, mei Robert Southey Poems on Various Subjects, 1796 The Watchman (polityk tydskrift), 1797 Lyrical Ballads (mei William Wordsworth), 1798 Dejection: An Ode, 1802 The Friend, 1809-10 Remorse (Tragödie), 1813 Christabel; Kubla Khan, a Vision; The Pains of Sleep, 1816 Biographia Literaria, 1817 Sibylline Leaves (sammele gedichten), 1817 Aids to Reflection, 1825 Poetical Works, 1828 On the Constitution of the Church and State, 1829 Table Talk, 1836 (postúm) The Rime of the Ancient Mariner 1798
Keppelings om utens Libbenspaad () Samuel Taylor Coleridge Argyf () Literary Remains () Coleridge by Project Gutenberg ()
Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk filosoof Kategory:Ingelsk teolooch Kategory:Ingelsk literatuerkritikus Kategory:Persoan berne yn 1772 Kategory:Persoan stoarn yn 1834