Fedja van Huêt (De Haach, 21 juny 1973) is in Nederlânsk film- en toanielakteur. Fedja van Huêt, soan fan Leo van Huêt en Rosalind Nijholt, is ek ferneamd as Fedja Nijholt. Hy waard berne yn De Haach en wenne in stikmannich jierren yn Tiel. Nei syn stúdzje oan de toanielskoalle yn Maastricht hat er yn tsientallen films en toanielstikken spile. Op it toaniel die hy mei yn toanielstikken fan it RO-teater en Teatergroep Hollandia. Sûnt teaterseizoen 05/06 is hy fêst ferbûn oan Toanielgroep Amsterdam.

Hoewol't hy de toanielskoalle dien hat, hie it folle skild of hy wie nei de middelbere skoalle op it konservatoarium bedarre. Hy drumde nammentlik op (benei) beropsnivo.

Yn 2018 en 2020 spile er de haadrol yn de Dútske telefyzjesearje (ARD) Der Amsterdam-Krimi dy't him yn Amsterdam ôfspilet. Hy wie yn 2020 te sjen yn de film Groeten van Gerri fan Frank Lammers.

Van Huêt is troud mei Karina Smulders, sy hawwe tegearre in dochter.

Filmografy 1987 - Terug naar Oegstgeest - Lytse Peter (*) 1996 - Advocaat van de Hanen - Plysje 1997 - Karakter - Jacob Willem Katadreuffe (*) 1998 - Kort Rotterdams - Temper! Temper! 1998 - Sentimental Education - Robbert 1999 - De Boekverfilming - Boris Schumann 1999 - The Delivery - Alfred 2000 - Wilde Mossels - Leen 2001 - AmnesiA - Twaling Alex en Aram 2001 - De Grot - Egon Wagter (*) 2002 - Bella Bettien - Paul 2002 - Claim 2003 - Rosenstraße - Luis Marquez 2003 - Pietje Bell 2: De Jacht op de Tsarenkroon - Fuik 2004 - De Kus - Vic 2004 - De Dominee - De abbekaat fan Klaas Donkers 2005 - Guernsey - Sebastiaan 2005 - Wereld van Stilstand - Sjoernalist 2006 - Nachtrit - Marco van der Horst 2007 - Nadine - Daniël 2007 - Wolfsbergen 2009 - Buddenbrooks - Hermann Hagenström (*) 2010 - Loft - Bart Fenniker 2012 - Nono, het Zigzagkind* - Ynspekteur Feierberg 2013 - Daglicht* - Ray 2013 - Soof - Kasper 2014 - Lucia de B. - Quirijn Herzberg 2015 - Bloed, Zweet & Tranen - Tim Griek 2015 - J. Kessels - Frans Thomése 2016 - The Secret Life of Pets - Max (stim, Ned. neisygronisearring) 2016 - De Held* - Jacob 2016 - Soof 2 - Kasper 2018 - All You Need Is Love - Maarten 2018 - Dr. Seuss' The Grinch - ferteller (stim, Ned. neisygronisearring) 2019 - The Secret Life of Pets 2 - Max (stim, Ned. neisygronisearring) 2020 - Groeten van Gerri - Jos van Vlokhoven 2021 - Herrie in Huize Gerri - Jos van Vlokhoven 2021 - De veroordeling - Bas Haan (boekferfilming) 2021 - Soof 3 - Kasper 2023 - Asterix & Obelix in het Middenrijk - Geintjemis (stem) 2024 - Invasie - Stan Bot 2025 - Fabula - Jos 2025 - Voor de meisjes* - Danny (*) boekferfilming

TF (films en rigen) 1991 Mission: Top Secret - Mario 1998 De Wet op het kleinbedrijf 1999 Zaanse Nachten 2000 Goede daden bij daglicht: Op weg - Sjors 2000 Bitterzoet - Martin 2002 Mevrouw de Minister - Joris van den Berg 2004 Zinloos - Tom Knegthuis 2006 Stubbe - Von Fall zu Fall: Schwarze Tulpen - Hans Elsaesser 2007 De Prins en het Meisje - Prins Johan Friso 2010 Penoza - Irwan de Rue 2011-2015 Overspel - Willem Steenhouwer 2014-2016 - Divorce - Pieter Schaeffer 2014 - Smeris 2016 - De Jacht 2016 - Nieuwe buren - Lex 2017 - De 12 van Oldenheim - Victor Klinkspoor 2017 - Soof: Een nieuw begin - Kasper 2019 - Baantjer het Begin - Bob Donkers 2019 - Grenslanders - Harry Biegel 2020 - Hoogvliegers - Lucky 2020 - Vliegende Hollanders - Anthony Fokker 2022 - Het jaar van Fortuyn - Mat Herben

Gastrollen yn In Voor en Tegenspoed Oppassen!!! Goede Tijden Slechte Tijden 12 steden, 13 ongelukken Vrienden voor het Leven Baantjer Studint yn Moord uit Angst (1996) Toine Hubar yn Moord om de Moord (1997)

Prizen 2001 - Gouden Kalf foar Bêste Akteur: (dûbele) haadrol yn Amnesia 2006 - Gouden Kalf foar de bêste manlike byrol yn Nachtrit 2007 - Gouden Kalf (spesjale sjurypriis) foar De prins en het meisje 2013 - Mary Dresselhuys Priis, nominaasje foar de Louis d'Or foar de titelrol yn Macbeth by Toneelgroep Amsterdam 2020 - Priis foar de bêste akteur yn de film De Veroordeling op it Seattle Film Festival. 2021 - Gouden Kalf foar bêste haadrol yn in spylfilm foar syn rol as Bas Haan yn De veroordeling''

Keppeling om utens Fedja van Huêt by Tonielgroep Amsterdam

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Persoan berne yn 1973